Guon skoallen wer iepen, mar studinten sitte thús: "Alles ferwetteret"

It wie in grutte ferromming yn it basis- en it fuortset ûnderwiis: de skoallen meie moandei wer iepen. Mar no komme der soargen oer de iepening: hoe feilich is dy?
En studinten sitte noch thús, dat wurdt hieltyd dreger:
"De skoallen binne no wer ticht, mar ik sit yn staazjeperioade en dus bin ik hjir dochs mar." Lotte pakt har koffer út in auto. Se komt fan Hallum, mar wennet no midden yn Ljouwert yn in studintegebou by it stasjon.

Alles ferwetteret

Lotte fernimt om har hinne dat de pine fan de lockdown hieltyd mear te fielen is. "Ik ha noch net op skoalle west, dus dat is neat oan. Sjochst gjinien en dan ferwetteret alles."
Lotte © Omrop Fryslân
It is net de studintetiid dy't Lotte ferwachte hie. "Je ha it oars foar de eagen. De bân mei dyn klasgenoaten is minder grut. Dy impact wurdt hieltyd grutter. Alles moat hieltyd 'switche' en ek dat is dreech."

'De stêd yn, mear kinst net'

Lotte studearret design en wurket dêrom in soad mei har hannen. "Yn de praktyk is dat better as op dyn keammerke, dus ik hoopje dat de boel rap wer iepen giet. Myn dei sjocht der no frjemd út. Je dogge it húshâlden wat, mar dat is it dan. Sa no en dan de stêd yn, mear kinst ek net."
It ferhaal fan Lotte wurdt troch ferskate studinten op strjitte yn Ljouwert stipe. De rek is der sa stadichoan út.
Foar Korné van der Vegt is de lockdown in grutte tûkelteam. Hy is autistysk en moat struktuer yn syn libben ha. Mar dat falt troch de corona fuort. "Deze tijd is heel bijzonder en heel erg vreemd. Ik kan niet echt wennen. Het is vooral online les, dat is aanpoten."
Ik moet nog een halfjaar, maar dat wordt nog een hele kluif op deze manier.
Korné van der Vegt
Korné mist de kontakten, de minsken en it ritme. "Ik ben licht autistisch en dan wil ik graag dat alles op ritme is. Structuur is zó belangrijk. Ik moet nog een halfjaar en dan ben ik klaar met studeren. Maar dat wordt nog een kluif op deze manier."
Korné van der Vegt © Omrop Fryslân
Yn it middelber ûnderwiis binne de minsken bliid dat se wer los kinne. Mar foar de learlingen yn it eksamenjier stiet der in nij probleem foar de doar: de stúdzjekar. Troch de lockdown binne alle foarljochtingsdagen online, mar dat is neffens Kaylisha Snellen van Vollenhoven en Isabel Brandsma gjin opsje.

Echte iepen dagen folle better

Se sitte yn Ljouwert op strjitte oan in bakje kofje. "Dat is eigenlijk het enige wat we nog kunnen", begjint Isabel Brandsma har ferhaal. "Die online open dagen komen niet goed over. Dus je hebt alsnog niet een goed beeld van wat eigenlijk de studie inhoudt. Ik ben naar één echte open dag geweest, dat is veel beter dan die andere open dagen."
Isabel Brandsma en Kaylisha Snellen van Vollenhoven © Omrop Fryslân
"Ik ben ook naar één geweest", fertelt Kaylisha. "Dan wordt gewoon meer verteld over wat je gaat doen. Online heb je de sfeer niet. Als je écht in het gebouw bent, heb je dat gevoel veel beter."
Earst noch in healjierke op de middelbere skoalle dus. "Ik zie er wel een beetje tegenop, het was ook lekker om even vakantie te hebben. Een beetje werken, dat is alles wat ik gedaan heb. Ik ben blij dat we wel de kans hebben om het goed af te maken. Verder studeren, maar we weten niet hoe en wat."
De famkes op strjitte binne net de iennigen dy't sa tinke. Klasgenoaten sitte der mentaal ek trochhinne. "Iedereen heeft er moeite mee", seit Isabel.
Hopelijk is onze studententijd straks beter dan de middelbareschooltijd.
Isabel Brandsma
"Voor de vakantie hadden we online les, maar dat werkt niet. Het komt niet binnen. Je loopt meteen weer een achterstand op. Je kunt niks tussendoor doen zodat je er weer even tegenaan kan. Dat werkt totaal niet mee. Hopelijk is onze studententijd straks beter dan de middelbareschooltijd."

Soargen oer fentilaasje

Skoallen meie dan wer iepen, mar dat is wol ûnder betingst. Sa binne der wer deselde regels as foar de fakânsje: learlingen en dosinten moatte in mûlkapke drage. Der binne ek wer rinrûten en learlingen en dosinten moatte twa kear yn 'e wike teste.
"Dêrneist is ek de fentilaasje fan skoalgebouwen hiel wichtich", seit Sjors Veltman, direkteur havo/vwo fan it Dockinga College yn Dokkum. "Dat ha wy fansels mei syn allen ûnderfûn, der moat gewoan goed fentilearre wurde."
Sjors Veltman © RTV NOF
Sizze is ien ding, mar yn de praktyk is it sa maklik net: "Yn de âldere gebouwen is it ynstallearjen fan fentilaasjesystemen net realistysk. It giet om grof jild, dat kin gewoan net."
It Dockinga is al in skoftke mei de gemeente yn petear oer in nij skoalgebou. "Mar oant dy tiid moatte we kreatyf wêze. Wy hoopje dat de situaasje sa bliuwt dat de skoallen iepen bliuwe kinne. Mar we witte it mei syn allen net."