Steuring RIVM foarby: hast 1.600 positive tests meld

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 1.594 nije coronabesmettingen registrearre by it RIVM. Noch nea binne der safolle positive tests meld op ien dei, mar it hege getal komt foar in part troch in eardere steuring.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
Tongersdei waarden 565 besmettingen meld. In tal fan de positive tests dy't doe ôfnaam binne, binne troch in technyske steuring net trochkaam. Dy wurde yn de sifers fan freed meinaam.
Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 670 besmettingen meld yn Fryslân. Tongersdei lei dat trochsneed op 511 besmettingen, in wike lyn op 439.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus.
Der is ien Fries mei it coronafirus opnommen yn it sikehûs. It giet om in ynwenner fan Súdwest-Fryslân.

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 34.954. It trochsneed tal besmettingen fan de ôfrûne sân dagen is 21.487.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.