Auto botst tsjin beam nei plysje-efterfolging by De Rottefalle

07 jan 2022 - 15:01

Op de Foudenswei by De Rottefalle is freedtemiddei in auto tsjin in beam botst nei in efterfolging fan de plysje. De ynsitters wurde derfan fertocht dat se ynbrutsen ha yn in wenning oan de Alde Dyk yn Koatstertille.

Bylden fan de ravaazje:

De plysje krige in melding fan twa ynbrekkers dy't op de died betrape wiene. Yn de buert fan de ynbraak is de plysje de auto tsjinkaam. De bestjoerder fan de auto soe it stopteken fan de plysje negearre ha; dêrnei sette de plysje de efterfolging yn.

Op de N369 by De Rottefalle is de auto mei de twa ynsitters tsjin in beam botst. De auto rekke swier skansearre. Dat jildt ek foar in auto dy't op it hiem fan de wenning stie, en foar it stek lâns de N369.

Foto: Noordernieuws

Nei it ûngelok binne de twa mannen oanholden troch de plysje. Ien fan de mannen is meigien mei in ambulânse, in oare fertochte waard meinaam troch in agint.

De Forinsyske Opspoaring docht no ûndersyk by de wenning en de auto.

(Advertinsje)
(Advertinsje)