Ynbrekkers nimme stik gaslieding mei: part fan Swettestrjitte ûntromme

07 jan 2022 - 11:34

In part fan de Swettestrjitte yn Ljouwert hat freed inkelde oeren ûntromme west fanwege in gaslek by it bedriuw Zwette Machinebouw.

Foto: CAMJO media

De brânwacht wie mei meardere ienheden te plak. Dy hawwe de boarne tichtmakke. Ut mjittingen die dêrnei bliken dat der gjin gas mear lekte.

Buorlju hearden freedtemoarn in sissend lûd en rûkten in gaslucht. Dêrop hawwe se de brânwacht ynljochte.

It lek soe neffens de brânwacht ûntstien weze troch in ynbraak wêrby't in stik gaslieding stellen is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)