Alvestêdemusical De Tocht ferkeapet 17.500 kaarten yn de earste trije dagen

Foar De Tocht, in musical oer de Alvestêdetocht, binne yn trije dagen 17.500 kaarten ferkocht. Mei de kaartferkeap waard ôfrûne tiisdei úteinset, presys 25 jier nei de lêste Alvestêdetocht.
Startbewiis De Tocht © Guido Hibma
De musical oer de Alvestêdetocht giet yn oktober yn premjêre. De Tocht fertelt it ferhaal fan fiif freonen dy't him ride sille.

Kaartferkeap oant yn België

Neffens Foppe van der Veen, kreatyf produsint fan De Tocht, komme de ynteressearren út hiel Nederlân wei. Ek yn België wurde kaarten kocht.
Van der Veen: "Iedereen wil de magie van de Elfstedentocht meemaken en dat is precies onze doelstelling. We willen de herinnering aan de Elfstedentocht laten voortleven, ook voor de generaties die de tocht nooit van dichtbij hebben meegemaakt."

'Spektakelmusical'

It giet, krekt as by de produksje fan Soldaat van Oranje, om in 'spektakelmusical'. Dat hâldt yn dat der in hiel nij teäter boud wurdt. Dat bart oan de Snekertrekweg yn Ljouwert. Yn it teäter komt in iisflier fan 2000 kante meter.