Agraryske grienstasjons

© Omrop Fryslân
Boargemaster en wethâlders jouwe grien ljocht foar twa saneamde agraryske grienstasjons. Dat binne ynstallaasjes dêr't grien ôffal as blêden en tûken yn ferwurke wurde ta kompost. It inisjatyf waard dizze simmer oankundige en it giet om in proef. De metoade dêr't mei wurke wurdt, is bysûnder want it jout as alles goed giet gjin oerlêst.
De stasjons komme by twa boeren. Ien op de Telegraaf by Rottum en by de famylje Jellesma fan Sint Nyk. As it dochs begjint de stjonken of as der wetter by it kompostearjen yn it oerflakwetter bedarret, wurdt de proef stillein.