Drachtster ûndernimsters 'steane yn de kjeld' en ferkeapje de klean op de stoepe

Se fertsjinje al twa jier neat en ha ek gjin jild om in nije kleankolleksje te beteljen. De Drachtster ûndernimmers Hilda Hobma en Romana Haisma wolle har winkel net samar ûnderstrûpe litte en komme dêrom no sneon yn aksje.
Stil protest yn Drachten tsjin lockdownregels sûnder foldwaande kompensaasje © Omrop Fryslân
De froulju steane tichtby de ûndergong fan har moadewinkel 'Looks like vintage'. Under it motto #Wijstaanindekou sille se sneon de kleankolleksje bûtendoar ferkeapje tusken bleate paspoppen.
Op de sosjale media besykje de froulju om safolle mooglik oare saken yn Fryslân en op oare plakken yn Nederlân oan de aksje meidwaan te litten.

Bûten alle stipepakketten

"De stipe fan it kabinet is folslein ûnfoldwaande foar lytse ûndernimmers", fertelt Hilda Hobma. "Der is in flinke groep dy't gjin of hast gjin stipe krijt en oeral bûten falt. Dêr wolle wy oandacht foar freegje."
De winkel fan Hobma en Haisma is in goed foarbyld, want dy gie yn de simmer fan 2021 iepen en moast flak foar de krystdagen wer ticht fanwege de lockdown.
Je reitsje as ûndernimmer hieltyd fierder yn de problemen.
Hilda Hobma
"De feestjurken foar de krystdagen hingje hjir noch, mar dy passe fansels net mear by dizze tiid. As it heal kin moat de winterkolleksje wol ferkocht wurde, want dêryn sit it jild dat ik nedich haw foar de maitiidskolleksje. En sa reitsje je as ûndernimmer hieltyd fierder yn de problemen."
Hobma en Haisma wiene der langere tiid wis fan dat harren bedriuw de coronakrisis wis oerlibje soe. It bedriuw is acht jier lyn begûn as webwinkel mei as twadde tûke de ferkeap fan klean op festivals.
Undernimmer Hilda Hobma © Omrop Fryslân
Mar festivals wiene der de lêste twa jier mar amper en de krekt iepene winkel moast yn de drokste moanne fan it jier ticht. "Mei ynternetferkeap bin ik yn desimber krekt út de kosten kaam, mar nei dizze moanne is myn finansjele reserve op."

Twa mooglikheden

Omdat Hobma fan kollega's heart dat dy der net folle better foarstean, fynt se dat der no wat feroarje moat: of rommere mooglikheden foar de winkels om 'feilich' minsken te ûntfangen of mear stipe fan de oerheid.
"As it echt net mear kin, dan kinne je de winkel fansels slute, mar ek dat is net maklik. Je hawwe in hierkontrakt, in kolleksje, pinapparaten. It binne allegearre saken dêr't je oan fêst sitte. Nim fan my oan: wat ús no oerkomt giet it gewoane ûndernimmersrisiko fier te boppe."

Bewuster meitsje fan problemen

Troch de aksje fan no sneon wolle Hobma en har kompanjon Haisma polityk en publyk bewuster meitsje fan de grutte problemen dêr't in soad ûndernimmers dizze winter foar steane.
Harkje nei it ferhaal fan Hilda Hobma en Romana Haisma