Lêste dei mei direkte oansluting tusken bus en trein yn De Westereen

Linebus 62 makket hjoed syn lêste rûntsje oer de Noarder Stasjonsstrjitte yn De Westereen. It doarp ferliest dêrmei de direkte oansluting tusken trein en bus.
Wa't oerstappe wol fan de trein op de bus (of oarsom), moat no twa kilometer rinne:
It is it gefolch fan in beslút fan de provinsje om de rûte te 'strekken': dat betsjut dat de busrûte wol bestean bliuwt, mar dat guon halten ferfalle. "Spitich, mar it is net oars", seit Tjipke Postma fan doarpsbelang.
It doarpsbelang fan De Westereen hat him de ôfrûne moannen hurd ynset om de bushalte, de iennige yn de buert fan it treinstasjon, te behâlden. "Wy ha petearen hân mei de provinsje, mei de deputearre (Avine Fokkens, red). Tegearre mei de gemeente ha wy aksje ûndernaam", fertelt Postma.
Tjipke Postma © RTV NOF
Yn de petearen joech de provinsje neffens Postma de yndruk dat der noch mooglikheden wienen, mar it plan wie al definityf: de halte ferdwynt.

No twa kilometer rinne

It betsjut dat minsken út omlizzende doarpen dy't altyd yn De Westereen út de bus stapten om de trein te pakken (en oarsom), no aanst twa kilometer rinne moatte. De halte dy't no it tichtst by is, leit oan de Foarstrjitte. Oan de oare kant fan it doarp.

Bûten de stêd likegoed rjocht op goede ferbining

It ûnderwerp helle de lanlike polityk: Keamerlid Habtamu de Hoop (PvdA) fynt dat de ferantwurdlik steatssekretaris gau mei in ûndersyk komme moat nei de gefolgen fan it skrassen fan buslinen en bushalten op it plattelân.
Habtamu de Hoop (PvdA) © ANP
Neffens De Hoop stiet de situaasje yn De Westereen symboal foar in soad regionale ferbiningen dy't ferdwine. "Minsken dy't bûten de stêd wenje hawwe likegoed rjocht op goede ferbiningen", sei it Fryske Keamerlid.
As je oerstappe woene, moasten je of hiel hurd rinne of in healoere wachtsje. Dat is net logysk.
Tjipke Postma (doarpsbelang De Westereen)
Guon arguminten dy't wol brûkt waarden om de halte te behâlden, doogden net. Postma: "Yn earste ynstânsje waard sein dat it in hiele drokke halte wie, dy't yn de top 15 fan Fryslân siet kwa oerstappers. Mar dat bliek in 'broodje aap-ferhaal'. De halte stiet op ûngefear it plak 250."
Dat hat der mooglik mei te krijen dat de oansluting tusken de treinen de bus lang net optimaal wie. "As je oerstappe woene, moasten je of hiel hurd rinne of in healoere wachtsje. Dat is net logysk."

Mear bushalten ferdwine

De bushalte by it treinstasjon is net de iennige dy't ferdwynt út it doarp. Dy oan de Skoallestrjitte, Tsjerkestrjitte en De Greiden ferfalle ek. Dêr hat it doarpsbelang gjin problemen mei, want dat past yn it plan om minder swier ferkear troch it sintrum fan it doarp ride te litten.
Der komme wol twa nije halten mei fytserekken, beide oan de Foarstrjitte: ien foar de supermerk en ien flak foar de rotonde.