Nei seis wiken delgong no wer groei yn tal coronagefallen

Foar it earst sûnt mids novimber hat it RIVM yn ien wike wer mear coronagefallen fêststeld as yn de sân dagen dêrfoar. Dizze wike ha 3.577 Friezen posityf test op it coronafirus, tsjinoer 3.095 in wike earder: in groei fan goed 15 prosint.
In GGD-meiwurker fiert in coronatest út © ANP
Gemiddeld binne der yn Fryslân de ôfrûne wike alle dagen 511 besmettingen by kaam. Ferline wike wie dat trochsneed 443, noch in wike earder 591.
De measte besmettingen binne de ôfrûne sân dagen fêststeld yn de gemeente Ljouwert: 809. Dat is in groei fan mear as 34 prosint. Nei Ljouwert wienen de measte positive tests fan ynwenners fan Súdwest-Fryslân (558) en Smellingerlân (315).

Skylge en Dantumadiel omrekkene de measte besmettingen

Opfallend is it relatyf hege oantal besmettingen op Skylge. Dêr binne dizze wike 38 minsken posityf test op it firus.
Fan de fêstelânsgemeenten is it tal besmettingen relatyf it heechst yn Dantumadiel. Foar eltse 100.000 ynwenners binne dêr dizze wike 692 besmettingen fêststeld. Nei Dantumadiel komme Ljouwert (652 op 100.000 minsken) en Súdwest-Fryslân (620).

Fjouwer stjergefallen, alve sikehûsopnamen

Yn de ôfrûne wike binne der fjouwer Friezen ferstoarn oan it coronafirus. Dat binne der twa minder as ferline wike. It giet om ynwenners fan de gemeenten Dantumadiel, Ljouwert, Noardeast-Fryslân en Waadhoeke.
Der binne de ôfrûne wike alve Friezen mei it coronafirus yn it sikehûs opnaam. Dat binne fiif minder as in wike earder.
Tal sikehûsopnamen en stjergefallen de wike ûnder ynwenners fan Fryslân (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):
Mei de 3.101 positive testen fan de ôfrûne wike is no yn totaal 101.015 kear it coronafirus fêststeld yn Fryslân.
It offisjele stjertesifer yn ferbân mei it firus yn de provinsje Fryslân leit op 582. It echte tal stjergefallen as gefolch fan it firus leit heger, om't net elkenien test wurdt. Dêrom is net fan elts stjergefal bekend oft dat oan it firus lei of net.

Faksinaasjegraad 80 persint

De faksinaasjegraad yn Fryslân leit ûnder it lanlik trochsneed. Fan alle Friezen fan tolve jier en âlder is 80 persint folslein faksinearre (mei of sûnder boosterprik). Lanlik leit it op 84,4 persint.
De gemeenten mei de leechste faksinaasjegraad ûnder tolveplussers binne Dantumadiel en Achtkarspelen (74 persint) en Noardeast-Fryslân (77 persint).

Tal besmettingen en stjergefallen de wike

Wike Besmettingen Stjergefallen
31 desimber - 6 jannewaris 3.577 4
24 desimber - 30 desimber 3.095 6
17 desimber - 23 desimber 4.140 19
10 desimber - 16 desimber 4.530 23
3 desimber - 9 desimber 5.524 9
26 novimber - 2 desimber 5.927 8
19 novimber - 25 novimber 6.295 8
12 novimber - 18 novimber 4.432 6
6 novimber - 11 novimber 3.565 2
30 oktober - 5 novimber 1.950 3
22 oktober - 29 oktober 1.603 3
15 oktober - 21 oktober 1.119 2
8 oktober - 14 oktober 779 1
1 oktober - 7 oktober 502 0
24 septimber - 30 septimber 530 0
17 septimber - 23 septimber 598 0
10 septimber - 16 septimber 876 1
3 septimber - 9 septimber 988 1
27 augustus - 2 septimber 755 0
20 augustus - 26 augustus 737 0
13 augustus - 19 augustus 547 1
6 augustus - 12 augustus 535 2
30 july - 5 augustus 589 2
23 july - 29 july 838 1
16 july - 22 july 1.471 1
9 july - 15 july 1.474 1
2 july - 8 july 232 0
25 juny - 1 july 69 1
18 juny - 24 juny 89 0
11 juny - 17 juny 136 1
4 juny - 10 juny 267 1
28 maaie - 3 juny 540 0
21 maaie - 27 maaie 674 2
14 maaie - 20 maaie 927 3
7 maaie - 13 maaie 1.129 3
30 april - 6 maaie 1.177 4
23 april - 29 april 1.358 4
16 april - 22 april 1.505 1
9 april - 15 april 1.470 6
2 april - 8 april 1.533 4
26 maart - 1 april 1.651 7
19 maart - 25 maart 1.666 10
12 maart - 18 maart 1.611 10
5 maart - 11 maart 1.180 16
26 febrewaris - 4 maart 1.162 19
19 febrewaris - 25 febrewaris 1.350 21
12 febrewaris - 18 febrewaris 1.129 39
5 febrewaris - 11 febrewaris 1.207 41
29 jannewaris - 4 febrewaris 1.181 30
22 jannewaris - 28 jannewaris 1.310 29
15 jannewaris - 21 jannewaris 1.592 20
8 jannewaris - 14 jannewaris 1.529 18
1 jannewaris - 7 jannewaris 1.697 17