Weardefolle gebedeboeken kinne elk momint opdûke

De 100.000 euro wêrop't in gebedeboek út 1488 taksearre is by it telefyzjeprogramma Tussen Kunst & Kitsch, is noch oan de foarsichtige kant. Dat tinkt Bert Looper, âld-direkteur fan Tresoar.
In pagina út it boek © AVROTROS
"Op in goede dei, mei belangstellenden út bygelyks Amearika, kin it by in feiling wol 150.000 oant 200.000 euro opsmite", seit Looper.
Ut de perioade fan dit gebedeboek binne der noch sa'n 800 eksimplaren. "Se binne faak yn famyljes bleaun. Dan kin der elk momint wer ien opdûke."
It giet om de kwaliteit fan de miniatueren, de lytse skilderingen soms mei blêdgoud, oan it begjin.
Bert Looper
Net elk boekje sil sa'n soad jild opbringe. By it bepalen fan de wearde giet it fral om de moaie yllustraasjes. "It giet om de kwaliteit fan de miniatueren, de lytse skilderingen soms mei blêdgoud, oan it begjin."
De gebedeboekjes waarden faak yn opdracht fan rike famyljes makke en wienen in hiel persoanlik besit. "Suver op maat makke mei in hilligekalinder deryn. Dêrom binne se faak yn famyljes bleaun."

Gebedeboeken by Tresoar

By Tresoar wurde ek ferskate gebedeboeken bewarre. Under oare ien út itselde jier as it boekje fan de útstjoering, 1488. "De meast bekende komt fan it kleaster Thabor by Snits. Dy is ek prachtich yllustrearre."
De útstjoering wie foar Looper in 'feest der herkenning'. "Foardat ik by Tresoar kaam, wurke ik yn Zwolle. Doe ha we ek ris sa'n gebedeboek kocht. Dus ik gie werom yn myn eigen skiednis."

It persoanlike leauwen

De saakkundige oan tafel by Tussen Kunst & Kitsch fertelde neffens Looper no krekt net wat it meast nijsgjirrich is oan it gebedeboek.
"Ik socht der wat oer op en lies dat it fan in kleaster yn Enkhuizen kaam. Yn dy 15de iuw siet men yn de Moderne Devotie. Dêrby gie it om it persoanlike leauwen. Ek yn Fryslân wienen yn dy tiid kleasters en dy minsken hienen gebedeboeken nedich."

Belvédère

De ôflevering fan it programma wie opnommen yn Museum Belvédère. It boek kaam út de erfenis fan de skoanheit fan de frou dy't it meinommen hie nei de opnamen. Hy hie it boek op in feiling kocht.
Bert Looper