Undersyk nei hanneljen plysje, gemeente en IM by jierwiksel yn Noardeast

De gemeente Noardeast-Fryslân, it Iepenbier Ministearje en de plysje litte in evaluaasje-ûndersyk dwaan nei de ûnrêstige jierwiksel yn de gemeente.
In ûnôfhinklike kommisje ûndersiket oft de ME, plysje en gemeente goed hannele ha:
Yn fiif doarpen yn de gemeente ha ûnfeilige situaasjes en ûngeregeldheden west, meldt it IM. It giet om Ferwert, Eanjum, Kollumersweach, Marrum en Burdaard. Dêrby giet it net allinnich om âldjiersnacht, mar ek om de nacht dêrfoar.
Op ferskate plakken is de ME ynset. "En waar nodig werd geweld toegepast", seit it IM. Dat barde ûnder oare yn de nacht fan 30 op 31 desimber yn Eanjum. By ûngeregeldheden rekke in plysjeman slim ferwûne oan syn gesicht.
Kollumersweach op âldjiersjûn © Noordernieuws
De lêste dagen is út ferskate hoeken krityk kaam op it hanneljen fan de ME yn Kollumersweach en Marrum. Sa sei de befelfierder fan de brânwacht dat de ME te rap oergien is op it brûken fan geweld. En jongerein yn Eanjum seit just it optreden fan de ME soarge foar eskalaasje.
"Wanneer wij geweld toepassen, wordt dit nadien getoetst door een onafhankelijke Commissie Geweldsaanwending", seit Marjan de Ruiter Abma fan it basisteam Noordoost-Fryslân. "De uitkomsten zullen als input dienen in het evaluatieonderzoek."
Hjir kinne wy as gemeente, helptsjinsten en ynwenners mooglik wat fan leare.
Boargemaster Johannes Kramer (Noardeast-Fryslân)
Yn it ûndersyk wurdt net allinnich sjoen nei wat der allegear bard is op 30 desimber, 31 desimber en 1 jannewaris, mar ek hoe't de tarieding gien is.
Boargemaster Johannes Kramer fan Noardeast-Fryslân: "It ûnrêstige ferrin op in tal plakken yn ús gemeente lit de ynwenners, de gemeenteried, mar ek mysels net ûnoantaast. Ik wol dêrom witte wat der krekt bard is. Dêr kinne wy as gemeente, helptsjinsten en ynwenners mooglik wat fan leare."
It is noch net bekend wa't it ûndersyk dwaan sil en wannear't dat plakfine sil.