Nij Frysk tallship Reade Swan krijt foarm

Net folle bedriuwen wreidzje út yn coronatiid, mar Swan Expeditions út Akkrum wol: se hawwe in nij tallship kocht.
Sa moat it plaatsje eins wêze: de Reade Swan yn it noardpoalgebiet:
It skip Reade Swan is in suske fan de Wylde Swan. It skip wurdt dizze moanne oanpast en opknapt, der komt mear plak foar mear bemanning. "In plaats van vijf mensen willen we zeven aan boord hebben", seit Christophe Meijer fan Swan Expeditions. "Daarvoor plaatsen we twee extra bedden, er komt een wc bij en een douche."
De Reade Swan is boud yn 1910 en waard eartiids yn Dútslân ynset as ljochtskip. Dêrnei is de boech fersterke om ek yn it poalgebiet te silen. Yn de jierren 90 is it skip foar it lêst oanpast.

Offisjeel Frysk

Swan Expeditions is grutsk op de oanwinst, benammen ek om't it skip yn Nederlânske hannen bliuwt. De thúshaven fan de Reade Swan wurdt Harns. Dêrmei is it tallship dan ek offisjeel Frysk.
Oer twa wiken stiet de earste tocht op it programma. Net nei de noardpoal, mar tichtby hûs: op de Waad- en Noardsee, mei learlingen fan de Maritime Akademy.