Folslein digitale Hynstekeuring 2022 te sjen by Omrop Fryslân

De jierlikse hynstekeuring fan de KFPS wurdt dit jier trije dagen lang útstjoerd troch Omrop Fryslân. No't ek dit jier gjin publyk by de keuring wêze kin, is it hiele evenemint fan 13 oant en mei 15 jannewaris live te folgjen fia meartalige livestreams op Omropfryslan.nl en de Omrop-app en de lêste dei ek op telefyzje.
© Omrop Fryslân
It evenemint fynt dit jier plak by 'Manege Gaasterland' yn Harich. Op tongersdei 13 en freed 14 jannewaris stiet de twadde besichtiging fan de jonge hynsten sintraal. De keuring is streekrjocht te folgjen fan 9.30 oere ôf fia livestreams yn it Dútsk, Ingelsk, Nederlânsk, Frânsk en Frysk.

Wa wurdt de kampioen fan 2022?

Sneon 15 jannewaris barst de striid tusken de stamboekhynsten los. Jurre 495 soarge ferline jier foar in unikum, hy waard foar de fjirde kear de algemien kampioen, soe it him dit jier nochris slagje? Hy en noch hiel wat oare hynsten fan it stamboek meie wer har bêste fuotsje foarsette.
De folsleine keuring fan de stamboekhynsten is fan 9.00 oere ôf te folgjen op telefyzje en fia de livestreams op Omropfryslan.nl/hynstekeuring en de Omrop-app. Yn it programma is ek in tal nijsgjirrige items te sjen.

Hynstekeuring 2022 by Omrop Fryslân

Sjoch foar alles fan Omrop Fryslân oer it Frysk hynder ek op Omropfryslan.nl/hynstekeuring.