Liveblog | 6 jannewaris 2022

Coronanijs 6 jannewaris: 38 prosint Nederlânske folwoeksenen is boostere

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus:

  • Der lizze op it stuit 51 coronapasjinten yn de Fryske sikehûzen;
  • Foar de twadde dei op rige binne der lanlik mear 24.000 besmettingen fêststeld;
  • Yn Fryslân gong it hjoed om 565 nije besmettingen:
  • 38 prosint fan de Nederlânske folwoeksenen hat in boosterprik hân;
  • De omsetskea foar winkellju troch dizze lockdown is twa miljard euro.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

Lêst bywurke: 6 jannewaris 2022, 22:00
22:34

Ein fan dit liveblog

Oant safier dit liveblog. Moarn binne we der wer!
21:47

Hast helte proffuotballers hat corona hân

It tal coronabesmettingen rint ek yn de Nederlânske fuotbalwrâld op. Hast de helte fan alle profspilers dy't oan in ûndersyk fan spilersfakbûn VVCS meidien ha, hat yn de ôfrûne twa jier yn corona-ynfeksje hân.
Fan de 157 spilers dy't de enkête ynfollen, ha 70 corona hân. "Dat is op zichzelf best veel, maar gelukkig zaten er nauwelijks ziekenhuisopnamen bij", seit professor Vincent Gouttebarge, belutsen by it VVCS-ûndersyk. "Slechts één voetballer gaf aan dat hij opgenomen is geweest, maar niet naar de IC hoefde."

Legere faksinaasjegraad

De faksinaasjegraad ûnder proffuotballers yn Nederlân is 75 prosint: leger as it lanlik trochsneed (86 prosint fan alle folwoeksenen) en ek leger as yn guon oare lannen.
In wike foardat de kompetysjes wer losgeane nimme de coronasoargen by in soad earedivyzjeklups ta. Sa skraste sc Hearrenfean it trainingskamp fanwegen ferskate coronagefallen.
17:52

38 prosint folwoeksenen boostere

Hast 5,5 miljoen folwoeksenen hawwe yntusken in boosterprik tsjin it coronafirus krigen. Dat is 38 persint fan alle folwoeksenen.
De nije sifers betsjutte dat der yn in wike tiid sa 'n 1,7 miljoen boosterprikken set binne. Noch nea binne yn sân dagen safolle minsken faksinearre. Ferline wike tongersdei stie de teller op goed 3,7 miljoen boosterprikken, mei oare wurden 24 persint fan alle folwoeksenen.
Foar de kommende wike steane goed 1,4 miljoen prikôfspraken pland by de GGD'en. Dat oantal kin feroarje. Op ferskate plakken yn Nederlân, wêrûnder Ljouwert en Drachten, hoege minsken gjin ôfspraak te meitsjen foar in boosterprik. Dêr kinne je sa ynrinne.
In man krijt in boosterprik © ANP
16:28

Eastenryk krijt nije coronamaatregels

Eastenryk fiert kommende sneon nije coronamaatregels yn. Media melde dat de karantêneregels ferromme wurde en dat minsken bûten hûs ferplichte in mûlkapke op ha moatte as se gjin ôfstân hâlde kinne fan oaren.
Minsken hoege nei kontakt mei in besmet persoan minder lang yn karantêne. Nei fiif dagen meie se nei bûten, mar allinne as se in negative test ha. De faksinaasjebewizen binne tenei seis moanne jildich. Ek komt der mear kontrôle op it 2g-belied yn winkels.
15:50

Invitation Cup yn Alvestêdehal giet net troch

It ynternasjonale shorttracktoernoai Invitation Cup yn Ljouwert giet dochs net troch. It reedrydbûn set in streek troch it toernoai dat op 15 en 16 jannewaris yn de Alvestêdehal ferriden wurde soe. Fanwege de coronapandemy ha ferskate bûtenlânske ploegen har ôfmeld, skriuwt de NOS.
Der wurdt noch wol riden yn Ljouwert oer oardel wike: de Nederlanners ride wedstriden tsjin elkoar. By de manlju en froulju wurdt dêrnei ek it fiifde plakje yn de olympyske ploech ferjûn.
15:18

RIVM meldt 565 nije coronabesmettingen en 1 stjergefal

De testlokaasje fan de GGD oan de Elzenlaan yn Ljouwert © LEO Middelsé, Lennard Geerts
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 565 nije coronabesmettingen registrearre by it RIVM, mar troch in technyske steuring binne it der nei alle gedachten noch mear. Op it stuit binne it der yn alle gefallen 27 mear as woansdei: doe waarden 538 besmettingen meld.
Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 511 besmettingen meld yn Fryslân.

Ien stjergefal

Yn Fryslân is yn de ôfrûne 24 oeren ien stjergefal fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Dat giet om in ynwenner fan Waadhoeke. Der binne gjin Friezen mei it coronafirus opnommen yn it sikehûs.
Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 24.700. Dat is in nij deirekôr.