Brânwacht rydt manmachtich út foar smeulend seachsel op De Lemmer

06 jan 2022 - 06:32

De brânwacht wie tongersdeitemoarn útriden foar in grutte brân yn in loads oan de Uitheijing op De Lemmer. Om't it om in grutte loads giet, waard der flink opskaald.

Jan Willem Zwart fan de brânwacht oer de brân op de Lemmer:

De brânwacht wie mei meardere ploegen oanwêzich. Neffens de brânwacht wie it lang net dúdlik wêr't de reek weikaam. Uteinlik die bliken dat it gie om smeulend seachsel. De fjoerhurd is yntusken isolearre en de brânwacht is begûn mei it fentilearjen fan it pân.

Trefwurden: 
De Lemmer brân
(Advertinsje)
(Advertinsje)