Kostber boek yn útstjoering Tussen Kunst en Kitsch út Museum Belvédère wei

05 jan 2022 - 22:50

Yn de ôflevering fan Tussen Kunst & Kitsch dy't opnommen is yn Museum Belvédère op It Hearrenfean is woansdei in topfynst dien. It 'getijdenboek', ek wol gebedeboek neamd, út 1488 is taksearre op in wearde fan 100.000 euro.

Foto: AVROTROS (screenshot út útstjoering Tussen Kunst en Kitsch)

It komt dêrmei op in dield fiifde plak fan heechst taksearre objekten yn de skiednis fan it programma, dat al sûnt 1984 op tv is. It gebedeboek dielt dat plak mei in skilderij fan Adriaan de Lelie.

Erfenis fan skoanheit

It boek fan perkamint komt út de erfenis fan de skoanheit fan de frou dy't it meinommen hie nei de opnamen. Har skoanheit, in samler, hie it boek op in feiling kocht. Sa 'n boek waard brûkt yn it kleaster, sadat op alle oeren fan de dei dúdlik wie hokker gebed oft der útsprutsen wurde moast.

Njonken in kalinder en gebeden steane der ek miniatuerskilderingen yn. It eksimplaar út de útstjoering komt út de St. Gomarustsjerke yn Enkhuizen.

Faker kostbere fynsten

Yn Tussen Kunst & Kitsch wurde faker kostbere fynsten dien. It rekôr is in skilderij fan Joost van Geel, Het Kantwerkstertje. Yn 2011 waard dat wurk taksearre op 250.000 euro. Yn de twa jier dêrnei waarden in houten foarâlderbyld út Kongo (150.000 euro) en in kollier (125.000 euro) ûntdutsen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)