Minder rêdingsaksjes KNRM troch minne simmer

De rêders fan de Koninklijke Nederlandse Reddings Maatschappij hawwe it ôfrûne jier by de fjouwer Fryske Waadeilannen 38 persoanen holpen. De KNRM hie it dit jier wol rêstiger as ferline jier.
In rêdingsboat fan de KNRM © Shutterstock.com (ArnoudNL)
Yn 2021 is de KNRM 2.200 kear yn hiel Nederlân útfearn nei helpfragen. Dêrby brochten se 3.550 minsken en 110 bisten feilich oan wâl.
It wie rêstiger as 2020. Dat wie foar de KNRM it drokste rêdingsjier ea. Nei alle gedachten wie it yn 2021 rêstiger omdat it simmerwaar minder wie as in jier earder. Fierders wiene der, en yn tsjinstelling ta 2020, minder reisbeheiningen. Minsken koene wer nei it bûtenlân ta op fakânsje.
In lifeguard op It Amelân © Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
De coronamaatregels bestean noch wol en sadwaande hawwe de frijwilligers noch wol oare wurkomstannichheden as se wolle. Sa koenen oefenjûnen net altyd trochgean en waard yn bepaalde perioaden fearn mei minder bemanningsleden, dy't fanwege corona yn fêste groepen wurken.
"Door corona moest dat samenwerken soms op hele andere, nieuwe manieren", seit KNRM-direkteur Jacob Tas. "Dat de reddingstations 100% operationeel inzetbaar bleven, verdient een enorm groot compliment aan alle medewerkers en vrijwilligers; de bemanning, helpers aan de wal en plaatselijke commissieleden."