RIVM stelt 100.000e positive coronatest fêst yn Fryslân

Sûnt it begjin fan de coronaútbraak binne der yn Fryslân no mear as 100.000 positive tests ôfnaam. Woansdei meldt it RIVM 538 nije besmettingen en dêrmei komt it totaal op 100.450.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
Yn totaal binne der folle mear Friezen dy't de ôfrûne twa jier it coronafirus oprûn ha. Hoefolle krekt, dat is hiel dreech te sizzen, jout de GGD oan.

Ferskate oarsaken

Dat komt ûnder oare trochdat it testbelied ferskate kearen feroare is: earst waard hast gjinien test, letter allinnich minsken mei klachten dy't koartlyn yn in coronagebiet west hienen, dêrnei alle folwoeksenen en letter ek noch bern.
Boppedat wie de testkapasiteit net altyd grut genôch om elkenien teste te kinnen. En no meitsje folle mear minsken gebrûk fan selstests. Dat kin handich wêze om gau in eventuele besmetting op it spoar te kommen, mar it is wol minder betrouber as de tests by de GGD. Boppedat soargje selstests derfoar dat de GGD minder sicht hat op it firus.

Trochsneed giet omheech

De 538 positive tests fan woansdei binne 27 minder as tiisdei. Doe waarden 565 nije besmettingen registrearre.
Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 509 besmettingen meld yn Fryslân. Tiisdei lei dat trochsneed op 497 besmettingen, in wike lyn noch op 437.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus.
Der binne trije Friezen mei it coronafirus opnommen yn it sikehûs. It giet om ynwenners fan de gemeenten Tytsjerksteradiel, De Fryske Marren en Noardeast-Fryslân.

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 24.590. Dat is in nij deirekôr. It trochsneed tal besmettingen fan de ôfrûne sân dagen is 17.478.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.