Kommissaris Brok yn nijjierstaspraak: grutskalige opfang hat gjin takomst

We lústerje minder en prate mear, wylst we elkoar de romte jaan moatte en mear each foar elkoar ha moatte. Dat seit kommissaris fan de Kening Arno Brok yn syn nijjierstaspraak.
Arno Brok © Arie Bruinsma
Yn syn taspraak is Brok kritysk op de wize wêrop't flechtlingen opfongen wurde yn Nederlân. Fryslân fangt yn ferhâlding in soad flechtlingen op, seit Brok. Doarpen en stêden dêr't flechtlingen ûnderbrocht binne, toane fearkrêft.
Dit jier sil der opnij in berop op ús provinsje dien wurde. Alle boargemasters ha oanjûn dat se mei it Centraal Orgaan opvang asielzoekers (COA) yn petear wolle.

'Net goed foar draachflak'

Mar it COA giet net altyd yn op oanbiedingen dy't se krije. As it om relatyf lytse opfangplakken giet, kin it net út. "De bedriuwsekonomyske benadering fan it COA foar grutskalige opfang hat gjin takomst", seit Brok. "It ûnderminet it draachflak."
Se fertsjinje ús wurdearring en respekt.
Arno Brok oer de soarchsektor en de GGD
Brok is ek 'coronawurch'. Hy betanket yn syn taspraak de soarchsektor en de GGD Fryslân. "Al twa jier wurkje sy har in slach yn 'e rûnte. Se fertsjinje ús wurdearring en respekt."
De folsleine nijjierstaspraak fan de kommissaris fan de Kening Arno Brok:
De kommissaris baalt der ek fan dat de middenstân, hoareka en benammen de kulturele sektor yn de lockdown troffen wurdt. "It is pynlik om te sjen dat yn België de kulturele sektor yn de lockdowns wol iepen bleau."
As it oan Brok leit, krijt de keunst de romte. "Kultuer kin helpe om antwurden te finen en is elemintêr foar maatskiplike gearhing yn ús provinsje." Hy stiet ek stil by it ferstjerren fan Joop Mulder, begjin 2021. "We bliuwe tankber foar wat hy foar de kultuer yn Fryslân dien hat."
Joop Mulder © ANP
Dochs sjocht Brok mei optimisme nei 2022. "It giet de goede kant op. De boosterkampanje is op gong kaam. En ik fiel de enerzjy en fearkrêft by bedriuwen en organisaasjes dy't har oanpast ha oan dizze tiid."
Oer it regearakkoart is er ek posityf: dat biedt neffens Brok perspektyf foar Fryslân. Benammen it ferbod op gasboarrings yn it Waadgebiet en de it opnij beoardieljen fan de stroomkabel troch Skiermûntseach is goed nijs. "Wynenerzjy op see is prima, mar dat mei net te'n koste gean fan ús Unesco Wrâlderfgoed."

Romte jaan oan buorkjen

Yn it nije kabinet komt der in minister foar lânbou. Moai, fynt Brok, mar it mei net liede ta ekstra regeldruk of beheiningen. "Yn Fryslân moat der romte bliuwe om boer te wêzen en te bliuwen. Sy leverje de bêste produkten, binne fan ekonomysk belang en ek wichtich foar de sosjaal-maatskiplike struktuer."
Brandsma wie syn tiid fier foarút, ûnder oare wat it Frysk en de parsefrijheid oanbelanget.
Arno Brok
Ta beslút giet Brok yn op de Fryske taal. Sa is er tefreden mei hoe't Kneppelfreed betocht wurdt: der wie mear omtinken foar de takomst en de posysje fan de Fryske taal as by de betinking fan 20 jier lyn.
25 jier foar Kneppelfreed hold pater Titus Brandsma in Frysktalige preek by de earste nasjonale bonifatiusbeafeart yn Dokkum, merkt Brok op. "Brandsma pleite doe al foar taalûnderwiis yn it Frysk. Hast hûndert jier lyn dus! Brandsma wie syn tiid fier foarút, ûnder oare wat it Frysk en de parsefrijheid oanbelanget."
Titus Brandsma (1881-1942) © Omrop Fryslân
Neffens Brok wie Brandsma de grutste Fries fan de tweintichste iuw. "Yn syn striid tsjin ûnrjocht hat er de heechste priis betelje moatten. Titus is der altyd fan oertsjûge west dat leafde alles oerwinne kin." De kommissaris hopet dat Brandsma dit jier hillich ferklearre wurdt.