Liveblog | 5 jannewaris 2022

Coronanijs 5 jannewaris: 100.000e positive coronatest fêststeld yn Fryslân

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus:

  • Der binne woansdei 538 nije coronabesmettingen fêststeld yn Fryslân, it totaal komt dêrmei op 100.450 besmettingen;
  • Lanlik 24.590 nije besmettingen, in nij deirekôr;
  • Wer minder coronapasjinten yn de Nederlânske sikehûzen;
  • 1.500 boosterprikken sûnder ôfspraak op earste dei frije ynrin;
  • It lanlike tal besmettingen giet rap omheech: ôfrûne wike wie der in groei fan sa'n 35 persint;
  • Yn Dokkum ferhuzet de GGD nei in nije faksinaasjelokaasje, dêr't minsken sûnder ôfspraak de earste twa prikken helje kinne.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

Lêst bywurke: 5 jannewaris 2022, 23:07
woansdei 5 jannewaris 2022
23:05

Ein fan dit liveblog

Oant safier dit liveblog. Moarn binne we der wer!
22:22

Benammen 45-plusser hellet boosterprik sûnder ôfspraak yn Ljouwert

By de XXL-faksinaasjelokaasje yn Ljouwert binne woansdei 2300 boosterprikken set sûnder ôfspraak, sa lit in wurdfierder fan GGD Fryslân witte. Dêrfan binne 1800 faksinaasjes fan it middel Moderna, dat allinnich as boosterprik jûn wurdt oan minsken fan boppe de 45 jier.
De faksinaasjelokaasje krijt ek telefoantsjes fan minsken dy 't wis witte wolle dat se in prik sûnder ôfspraak krije kinne yn Ljouwert, foardat se oan in lange rit nei Fryslân begjinne, fertelt er. De sisman ferwachtet dat it wol drokker wurdt."Het wordt ook steeds bekender." It falt him op dat der minsken út it hiele lân nei Ljouwert komme foar in prik. "Ik heb al mensen gezien uit Enschede en zelfs Nijmegen."
19:59

Kappers roppe ministers op 'coronacoupe' te dragen op bordesfoto

De Nederlânske kappersbrânsj giet derfan út dat der dit kear gjin ministers mei farsk knipte kapsels op it bordes stean, no't kapsalons troch de lockdown ticht bliuwe moatte. "Dat zou een heel slecht signaal zijn naar de kappers", seit in wurdfierder fan brânsjorganisaasje ANKO. De kapperskoepel ropt de nije ministersploech op "met trots" harren coronakapsels te dragen op de tradisjonele foto mei de kening.
De bordesfoto wurdt moandei sketten op Paleis Noordeinde. De ANKO ferwachtet dat de kappers goed tsjekke sille oft der dochs immen knipt is. "Als het haar er duidelijk gekapt uitziet, dan hebben de bewindslieden wat uit te leggen", stelt de wurdfierster. "Bovendien hebben professionele kappers daar een heel goed oog voor. Maar we gaan ervan uit dat dat niet zo is en zij zich keurig aan de regels houden. Het zou mij dan ook zeer verbazen."
De kapperskoepel winsket de nije bewâldslju dêrom boppe-al "sterkte", no't sy troch de lockdown net by de kapper terjochte kinne om der tiptop út te sjen. "Een goed verzorgd kapsel geeft je simpelweg zelfvertrouwen", stelt ANKO-foarsitter Maurice Crusio. "En dat lijkt me essentieel als je poseert voor een bordesfoto die de geschiedenisboeken ingaat. Ik zou daar niet willen staan met pluis, uitgroei of een dreigend matje."
17:23

Kuipers wol ynsette op it bestriden fan corona en in belied foar de lange termyn

Ernst Kuipers (D66) fynt dat it ministearje fan Folkssûnens him de kommende tiid foaral rjochtsje moat op it "behoud, en op toegankelijkheid en kwaliteit van zorg". Kuipers leit út dat dat al foar de coronakrisis ûnder druk stie, en dat it de ôfrûne twa jier allinnich mar slimmer wurden is. Dat sei er nei in petear mei formateur Mark Rutte. Hy seit dat er him ek ynsette wol foar in belied foar omgong mei Covid op de lange termyn.
Kuipers wie de ôfrûne tiid al belutsen by it bestriden fan corona, as foarsitter fan it Landelijk Netwerk Acute Zorg. Hy folget Hugo de Jonge op as soarchminister en is dêrmei de earste dokter yn hast tweintich jier dy't minister fan Folkssûnens wurdt.
16:37

KNVB alert op oprinnende besmettingen yn it betelle fuotbal

It fuotbalbûn KNVB seit alert te wêzen op it oprinnende tal coronabesmettingen by klups út de Earedivyzje en earste divyzje. It bûn wol foarkomme dat lykas yn Ingelân wedstriden net trochgean kinne fanwegen besmettingen yn de seleksje. sc Hearrenfean hat ek besmettingen binnen de seleksje, it trainingskamp yn Apeldoorn gong dêrom net troch.
KNVB trunet oan op it yn acht nimmen fan de coronamaatregels, it bûn hat klups foar de winterstop boppedat in mail stjoerd oer it belang fan faksinaasjes. De earste divyzje set freed wer útein, de Earedivyzje in wike letter.
15:20

RIVM meldt 538 nije coronabesmettingen yn Fryslân

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 538 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der 27 minder as op tiisdei. Doe waarden 565 besmettingen meld. Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 509 besmettingen meld yn Fryslân.
Der binne yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Der binne trije Friezen mei it coronafirus opnommen yn it sikehûs. It giet om ynwenners fan de gemeenten Tytsjerksteradiel, De Fryske Marren en Noardeast-Fryslân.

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 24.590 besmettingen. Dat is in nij deirekôr. It trochsneed tal besmettingen fan de ôfrûne sân dagen is 17.478.