Koade giel op Waad om hurde wyn
Yn de noardwestlike kustgebieten, op de Iselmar en op it Waad wie der tiisdeitemoarn kâns op swiere wynstjitten. It KNMI warskôge mei koade giel foar it Waad.
Op see wienen der wynstjitten oant 90 kilometer yn 'e oere. Yn de middei ferdwine de swiere wynstjitten. Koade giel jilde op it Waad oant 11.00 oere.
De wyn komt út west oant noardwest. Ferkear en bûtenaktiviteiten koenen lest ha fan de hurde wyn.