Joey Veerman stapt definityf oer fan sc Hearrenfean nei PSV

Joey Veerman makket de oerstap fan sc Hearrenfean nei PSV. De 23-jierrige middenfjilder tekenet in kontrakt oant de simmer fan 2026 yn Eindhoven.
© Orange Pictures
De Volendammer spile 2,5 jier yn it pombeblêdeshirt. Yn it Abe Lenstra Stadion groeide de fuotballer út ta in belangrike krêft yn it alvetal fan trainer Johnny Jansen.
Veerman spile 81 wedstriden yn it shirt fan Hearrenfean, dêr't er achttjin kear yn skoarde en 23 kear in assist joech.

Ideale tuskenstap

Technysk manager Ferry de Haan: "Joey is een geweldige en belangrijke speler voor ons geweest. sc Heerenveen is voor hem de ideale tussenstap vanuit de eerste divisie naar de top van Nederland gebleken. Deze overstap is hem dan ook gegund", seit De Haan.
De koprinner fan de earedivyzje betellet sa'n seis miljoen euro foar Veerman. "Het is een deal waar alle partijen blij van worden", seit De Haan.