Brânwacht wit slimmer foar te kommen by wenningbrân yn Ljouwert

Yn in wenning oan de Zuidergrachtswal yn Ljouwert is tiisdeitejûn brân útbrutsen. De brânwacht hie opskaald nei middelbrân, mar hie de brân al gau ûnder kontrôle.
© Kappers Media
By oankomst fan de brânwacht wiene de flammen efter de doar sichtber. Troch it yngripen fan de brânwacht liket it dat de brân beheind bleaun is ta de hal fan de wenning. In lyts healoere nei de melding koe it sein 'brand meester' jûn wurde.
Yn it pân is wol in soad reekskea. Stichting Salvage wurdt ynskeakele om de bewenners by te stean yn de ôfhanneling fan de skea.