Fermist famke (15) wer terjochte

04 jan 2022 - 16:42

It 15-jierrige famke dat sûnt freed fermist waard is fûn. Neffens de plysje is it famke yn goede sûnens oantroffen.

Foto: Shutterstock

It famke wie op de dei fan har fermissing foar it lêst sjoen om 17.00 oere by opfanghûs Fier oan de Holstmeerweg yn Ljouwert, dêr't se tydlik ferbleau.

De plysje woe net sizze wêr't it famke tiisdei krekt oantroffen is, mar wol dat it earne yn Noard-Nederlân is.

Trefwurden: 
fermissing fermist
(Advertinsje)
(Advertinsje)