565 nije coronabesmettingen fêststeld yn Fryslân

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 565 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der 103 mear as op moandei. Doe waarden 462 besmettingen meld.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 497 besmettingen meld yn Fryslân. Moandei lei dat trochsneed op 467 besmettingen, in wike lyn op 460.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus.
Der binne ek gjin Friezen mei it coronafirus opnommen yn it sikehûs.

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 18.616. It trochsneed tal besmettingen fan de ôfrûne sân dagen is 16.222.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.