sc Hearrenfean skrast trainingskamp om coronagefallen
It trainingskamp fan Sportklup Hearrenfean yn Apeldoorn giet net troch. Fanwegen ferskate positive coronatesten yn de seleksje hat de klup besletten om yn Fryslân te bliuwen.
De spilers by wa't it coronafirus konstatearre is, sitte yn isolaasje. Hearrenfean fertelt net om wa't it giet.
De kommende dagen traint de rest fan de Hearrenfeanseleksje op sportpark Skoatterwâld.