Mark Diemers ferruilet Feyenoord tydlik foar Twadde Bundesliga

Mark Diemers spilet it kommende healjier foar Hannover 96 yn Dútslân. De Ljouwerter wurdt troch Feyenoord ferhierd oan de klup yn de Twadde Bundesliga.
© Orange Pictures
It is it twadde seizoen fan Diemers by Feyenoord. Foarich jier kaam de middenfjilder in soad yn aksje, mar dit seizoen jout trainer Arne Slot meastal de foarkar oan oaren. Boppedat hat Diemers moannen blessearre west oan 'e knibbel.
Ofrûne simmer wie der ek al sprake fan in oerstap nei in oare klup, mar dat gie troch de blessuere net troch. No giet it jeugdeksponint fan SC Cambuur wol fuort út Rotterdam. Diemers syn nije wurkjouwer stiet fyftjinde yn de Twadde Bundesliga. Twaenheal jier lyn degradearre de klup út de Bundesliga nei it twadde Dútske nivo.

Nei it seizoen werom nei Feyenoord

"Het is een heel grote club", lit de Ljouwerter witte. "Ik geloof in de verhalen van de trainer en de technisch directeur en ik wil graag voetballen, want ik ben een grote liefhebber."
Der sit gjin opsje ta keap yn de deal tusken Feyenoord en Hannover 96, wêrtroch't Diemers nei dit seizoen werom giet nei Rotterdam.