De Spiker yn Ternaard krijt wer in wenfunksje

De Spiker yn Ternaard wurdt ûntwikkele ta in hierkompleks. Der komme apparteminten foar ûnder oaren âlderein en starters. It gebou wie earder in wensoarchsintrum fan KwadrantGroep.
De Spiker yn Ternaard © Omrop Fryslân, Joris Kalma
It soarchsintrum waard yn 2017 sletten, wat der mei it gebou barre soe wie lange tiid net wis. Yn 2018 drige nei oanlieding fan in advys fan in ûnôfhinklik adviseur sloop.

Apparteminten

De Spiker krijt ferskate soarten apparteminten foar senioaren, âldere pearen en ek foar starters. "De drie vleugels van De Spiker worden allemaal op een verschillende manier omgevormd zodat ze voldoen aan de eisen van de toekomstige groepen huurders", seit Klaas Hoekstra, meidirekteur fan ûntwikkeler en ynvestearder Kloosterveste.
De earste apparteminten kinne nei ferwachting ein jannewaris ferhierd wurde.