Liveblog | 4 jannewaris 2022

Coronanijs 4 jannewaris: 1.500 prikken sûnder ôfspraak yn Ljouwert

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus:

  • Der binne tiisdei 565 nije coronabesmettingen fêststeld yn Fryslân, lanlik giet it om 18.616 nije besmettingen;
  • It lanlike tal besmettingen giet rap omheech: ôfrûne wike wie der in stiging fan sa'n 35 persint;
  • Basisskoallen en skoallen foar fuortset ûnderwiis sille wer iepen fan 10 jannewaris ôf;
  • By de XXL-priklokaasje yn Ljouwert kinne minsken in faksinaasje krije sûnder ôfspraak;
  • Yn Dokkum iepenet in nije faksinaasjelokaasje, dêr't minsken sûnder ôfspraak de earste twa prikken helje kinne.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

Lêst bywurke: 4 jannewaris 2022, 22:38
22:37

Ein fan dit liveblog

Oant safier dit liveblog. Moarn binne we der wer!
22:21

1.500 boosterprikken sûnder ôfspraak

Ungefear 1.500 minsken hawwe tiisdei sûnder ôfspraak in boosterprik sette litten op de XXL-priklokaasje yn Ljouwert. It wie de earste dei dat der frije ynrin wie foar in oppepprik yn it WTC Expo.
Yn totaal waarden der tiisdei sa'n 3.500 boosterprikken set, seit in wurdfierder fan GGD Fryslân.
21:00

Kamer praat pas oer twa wiken oer 2G en útwreiding 3G

De Keamer praat op syn betiidst op moandei 17 jannewaris oer wetsfoarstellein oer 2G-belied en de útwreiding fan de coronapas.
De Keamer hat op fersyk fan de PVV besletten de behanneling út te stellen, om't it ministearje fan Folkssûnens ein nije wike mei mear ynformaasje oer ûnder mear de omikronfariant komt.
19:15

Kertier wachtsje nei boosterprik bliuwt jilden

Minsken moatte ek de kommende tiid in kertier wachtsje nei harren boosterprik, foardat se de faksinaasjelokaasje ferlitte meie. De wachttiid bliuwt nedich, hat it ministearje fan Folkssûnens besletten nei in ûndersyk fan it RIVM en it bywurkingenynstitút Lareb.
Nei faksinaasje soene minsken lêst krije kinne fan in slimme allergyske reaksje. As dit bart, kin dit gefaarlik wêze. "Het is van belang dat hiervoor medici aanwezig zijn zodat zij zeer snel kunnen ingrijpen. Het is niet te voorspellen bij wie deze reactie optreedt", seit it ministearje.
17:28

Heger ûnderwiis besoarge oer studinten

Campus Fryslân en NHL Stenden meie noch net iepen. De skoallen ha dêrom grutte soargen oer it wolwêzen fan harren studinten.
Bestjoersfoarsitter Erica Schaper fan NHL Stenden baalt dat it oare ûnderwiis wol trochgiet, mar de lessen yn it heger ûnderwiis net. "Ook onze studenten hebben het ontzettend moeilijk. Je mist heel essentiële dingen, je mist elkaar."
16:47

Ek yn Drachten kinne minsken sûnder ôfspraak in boosterprik helje

De boosterprik kin fan woansdei ôf ek yn Drachten helle wurde sûnder ôfspraak. Dat kin yn it Fries Congrescentrum, tusken 08.00 en 21.00 oere. Tegearre mei de XXL-priklokaasje yn Ljouwert, is it no it iennichste plak yn Fryslân dêr't minsken sûnder ôfspraak in boosterprik helje kinne.
De faksinaasjelokaasje yn it Fries Congrescentrum yn Drachten © Omrop Fryslân
Minsken wurde wol advisearre om de webside fan de GGD yn de gaten te hâlden, om't der lange wachtrijen wêze kinne.