Gerrit Hiemstra krijt Machiavellipriis: ûnbedoeld boechbyld klimaatbeweging

Meteorolooch Gerrit Hiemstra fan Balk krijt de Machiavellipriis 2022. De Stichting Machiavelli jout him dy priis omdat Hiemstra de klimaatferoaring en de gefolgen dêrfan dúdlik makket foar in grut publyk.
Gerrit Hiemstra © CheeseWorks
De Machiavellipriis wurdt sûnt 1989 alle jierren útrikt oan minsken of organisaasjes dy't in bysûndere bydrage levere hawwe oan de kommunikaasje tusken polityk, oerheid en boargers.
Ferline jier gie de priis nei firolooch Marion Koopman en yntinsivist Diederik Gommers, om't se de kennis oer it coronafirus tagonklik meitsje foar in breed publyk.
Neffens Marja Wagenaar fan de Stichting Machiavelli wiene der it ôfrûne jier gjin minsken dy't der op it tema corona echt boppe-út stutsen, meldt de NOS. By it klimaat foel Gerrit Hiemstra dus op.

Benaderber en geduldich

Wagenaar fynt dat Hiemstra ûnbedoeld útgroeid is ta boechbyld fan de klimaatbeweging, trochdat er him hieltyd basearret op de feiten en op wittenskiplike boarnen en alles op in rêstige wize bringt.

Faak yn it nijs

Hy bliuwt syn boadskip op in dúdlike wize werheljen en hy is benaderber trochdat er mei geduld reagearret op oaren, seit Wagenaar.
Hiemstra neamt it in eare dat er de priis krijt. Neffens him hoecht hy der gjin muoite foar te dwaan it klimaat ûnder de oandacht te hâlden, omdat der hiel faak klimaatrelatearre barrens binne. Hy seit dat er besiket út wittenskiplike ferhalen de essinsje te heljen, sadat minsken it begripe en ûnthâlde.
We kinne der fan alles fan fine, mar it giet net fuort.
Gerrit Hiemstra oer klimaatferoaring
"It is fansels wat echts. In echt probleem, in reëel probleem datst net fuortredenearje kinst", sei Hiemstra op Radio 1. "We kinne der fan alles fan fine, mar it giet net fuort."
Hy seit dat er it hast as plicht sjocht om it ûnderwerp nei foaren te bringen. "De wittenskip is sa oerdúdlik oer dit ûnderwerp, dus moatst der wat mei dwaan. En dat is troch te besykjen de essinsje derút te heljen en dy foar it fuotljocht te bringen sadat minsken witte wat der oan de hân is."

Tredde Fries

De Machiavellipriis wurdt op 9 febrewaris útrikt. Hiemstra is nei Jeltje van Nieuwenhoven (2000) en Bauke Vaatstra (2012) de tredde Fries dy't de ûnderskieding krijt.