Sûnenssintrum en kantoarromten yn âlde Rabobank Burgum

It eardere Rabobank-gebou yn Burgum krijt dit jier in folslein nije bestimming. It is de bedoeling dat der in sûnenssintrum komt, mei romte foar ûndernimmers út oare sektoaren.
"Ik gong der lyk mei oan de gong":
Ofrûne desimber waard it gebou kocht troch trije ûndernimmers út de regio. Ien fan de keapers is Auke Attema fan Blauhûs. Hy hat in praktyk foar fysioterapy yn Burgum en wurdt de earste hierder yn DE BANK, de nije namme foar it âlde Rabobank-kantoar.
"It is in prachtich gebou, op in A-lokaasje", fertelt Attema. "Hjir binne sa'n protte mooglikheden."

Ferbouwing

Hoewol't de Rabobank it gebou kreas efterlitten hat, moat der noch wol wat ferboud wurde. "Der komme behannelkeamers en in grutte oefenseal. It moat in sûnenssintrum wurde, mei neist fysioterapy romte foar it mentale stik, en omtinken foar iten. De ferbouwing is ek ôfhinklik fan wat oare hierders aansten krekt wolle."
Auke Attema hie it gebou al in skoft op it each
Ynteresse fan ûndernimmers út oare sektoaren is der al. It is de bedoeling dat ek sy kantoarromte hiere kinne yn DE BANK. "Ik wist it sels noch net iens, en doe hiene wy de earste berjochten al yn 'e inbox", seit Attema oer de belangstelling.