Befolkingsgroei Fryslân giet hurder, mar Smellingerlân wurdt 'ferrast' troch krimp
It tal Friezen groeit. It ôfrûne jier naam de befolking hjir mei trijetûzen ta. Der wenje no 654.000 minsken yn Fryslân. Benammen de gemeente Hearrenfean wie yn trek.
Dy gemeente krige der goed 400 nije ynwenners by, mar ek Ljouwert en Eaststellingwerf krigen der in soad nije ynwenners by.
Yn mar twa Fryske gemeenten naam de befolking yn 2021 ôf. In jier earder wienen dat der noch sân. Dat docht bliken út sifers fan it CBS dy't tiisdei publisearre binne.
Gjin grutte oantallen
Yn 2021 kromp de befolking yn de gemeenten Smellingerlân en De Fryske Marren. Yn it jier dêrfoar, yn 2020, kromp de befolking yn de gemeenten Skiermûntseach, Smellingerlân, Eaststellingwerf, Skylge, Súdwest-Fryslân, Tytsjerksteradiel en Waadhoeke. It giet net om grutte oantallen, seit Dick ter Steege fan it CBS: "Kijk je naar De Fryske Marren, dan zijn het er rond de 100."
It grutste part fan de groei komt út binnenlânske migraasje, sa'n twatûzen minsken. Ut it bûtenlân kamen goed tûzen. De natuerlike groei, it ferskil tusken berte- en stjertesifer is wol negatyf.
Ut de Rânestêd
Dat Fryske gemeenten folle minder 'leechrinne' as yn eardere jierren hat neffens it CBS te krijen mei in trend dy't al sûnt 2015 oan de gong is. Sûnt dat jier ferhúzje hieltyd mear minsken út de Rânestêd wei nei tinbefolke dielen fan Nederlân. Gemeenten dy't lange tiid bekendstiene as krimpregio krije troch dizze ûntwikkeling wer in groei yn de befolking.
Yn Fryslân sjogge je dat yn 2016 foar it earst werom. Nei in skoft dat de befolking elts jier mei in tûzen weromrûn, siet de groei der fan dat momint ôf wer yn.
It ôfrûne jier is lykwols in útsjitter. Wennen der oan it begjin fan ôfrûne jier 651.000 Friezen yn de provinsje, oan de ein wienen dat der al 654.000.
Grutste groeiers
De grutste groeiers binne Hearrenfean, Eaststellingwerf en Tytsjerksteradiel. Neffens Ter Steege is de groei fan Hearrenfean wol te ferklearjen troch de lizzing oan it spoar: "Als je thuis moet werken en je kantoor staat bijvoorbeeld in Den Haag, dan stap je makkelijk in de trein."
Ek de Waadeilannen groeie hurd. "Dat moet je alleen zien naar aard en schaal", seit Ter Steege. "Er wonen daar weinig mensen dus als er een paar bijkomen, dan zie je dat terug."
Gjin krimp mear
De diskusje oer krimp kin foarearst ôfsletten wurde, tinkt Ter Steege. "Er is een aantal jaren sprake van groei. Die kan wat de cijfers betreft afgesloten worden. Maar dat wil niet zeggen dat het in bepaalde wijken of dorpen niet krimpt. Dat staat hier los van."
De gemeente Eaststellingwerf is wiis mei de groeisifers. "Wy hawwe altiten sein dat wy gjin krimpgemeente binne en dat komt no út", seit wethâlder Fimke Hijlkema. Neffens har is der noch wol mear groei mooglik yn de gemeente, mar dat hinget bot ôf fan de beskikberheid fan wenten en boukavels.
Nijbou
"We hawwe krekt yn Haulerwyk sân wenten boud foar starters. We hiene der wol santich kwyt kinnen." De gemeente is yn petear mei de provinsje oer bouplannen foar de kommende jierren. Njonken de gruttere doarpen as Easterwâlde, Appelskea en Haulerwyk moat ek yn de lytsere kearnen romte wêze foar nijbou, 'nei aard en skaal fan de doarpen', sa seit de wethâlder.
Nei eardere krimp is it wichtich foar de gemeente om wer te groeien. "Tsien jier lyn hawwe we ferskate skoallen slute moatten. As de befolking groeit en der mear bern binne, hoecht dat net wer", sa seit se.
Ferrast
De gemeente Smellingerlân lit yn in earste reaksje wite 'ferrast' te wêzen troch de krimpsifers. Neffens wurdfierder Peter Boomsma stean de krimpsifers 'heaks' op it gemeentlik belied en de ambysjes fan de gemeente.
Riedslid Yntze de Vries fan de ELP is min te sprekken oer it etiket fan krimpgemeente. "Yn dat rychje hearre je net. Smellingerlân wie jierrenlang de ekonomyske motor fan it noarden, mar we hawwe de fûgels oer it net fleane litten."
Win-win
De ELP-man is ek fan betinken dat it yn de gemeente fierstente lang duorret foardat bouplannen ek echt fan de grûn komme. In goed foarbyld is it plan foar de bebouwing fan de Drachtster airstrip út 1998. As it oan De Vries leit wurdt hjir nei de ferkiezings sa gau mooglik wurk fan makke.
"De grûn is fan de gemeente en grut genôch foar 300 oant 500 wenten. It kin de gemeente 5 oant 10 miljoen opsmite. It is win-win: je dogge wat oan wenningneed en wenningoanbod en je ferbetterje de finansjele posysje fan de gemeente."
It gemeentlike fleanfjild mei fan De Vries wol ferdwine. "Der wurdt no sân jier besocht om it ekonomysk rendabeler te meitsjen, sûnder dat it wat opsmyt. No, dan kinne je der better in moaie wenwyk fan meitsje."