Liveblog
|
5 jannewaris 2022
25 jier lyn: Dit wie de Alvestêdetocht fan 1997 fan minút oant minút
Tiisdei 4 jannewaris 2022 is it eksakt 25 jier lyn dat de lêste Alvestêdetocht ferriden waard. Omrop Fryslân hâldt in liveblog by dêr't fan minút oant minút yn byhâlden wurdt wat der bart op dizze histoaryske dei yn 1997, mei bysûnder byldmateriaal en opfallende lûdsfragminten. Fansels is der ek plak foar hoe't dy tocht no noch libbet by de minsken.
Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.
Lêst bywurke: 5 jannewaris 2022, 00:15
tiisdei 4 jannewaris 2022
00:10
Ein fan dit liveblog
En mei de moaie wurden fan Kroes slute we dit liveblog oer de 15e Alvestêdetocht fan 4 jannewaris 1997 ôf. Tank foar it folgjen en hooplik gau oant sjen by de 16e Alvestêdetocht. Lekker sliepe!
23:50
Bartlehiem ticht foar riders út Dokkum wei
Riders út Dokkum wei meie net mear troch nei Ljouwert. Yn Bartlehiem wurde se fan it iis helle. Se kinne net mear foar tolve oere oer de finish komme.
23:42
Houtsjes of houten redens?
23:30
Lêste riders op wei nei de Bonke
De lêste toerriders binne op wei nei de finish op de Bonke yn Ljouwert. Se ha noch in healoere om oer de einstreek te kommen. Guon ha dêrby help nedich fan omstanners.
23:16
Joost van Dam út Australië mocht net starte
No't de lêste stimpelpost op de rûte ticht is, is de teloarstelling grut by guon riders. Mar de grutste teloarstelling is miskien wol foar Joost van Dam. Hy kaam hielendal út Australië oer om de tocht te riden.
Yn sân hasten pakte er it fleantúch nei Nederlân, mei de redens yn 'e koffer. Hy wie al hiel lang lid, sei er, mar by de ynskriuwing die bliken dat er gjin lid wie. Syn kontribúsje wie al jierren net binnenkaam. De organisaasje wie ûnferbidlik: Van Dam mocht net starte.
23:00
Stimpelpost Dokkum ticht
Yn Dokkum wurdt de stimpelpost sletten om klokslach alve oere. De riders hawwe noch mar in oere de tiid om yn Ljouwert te kommen. Minsken dy't te let binne, wurde fan it iis helle.
22:49
Bartlehiem ticht foar riders út Frjentsjer wei
Yn Bartlehiem is de trochgong foar reedriders út de rjochting fan Frjentsjer sletten. Sy meie net mear fierder nei Dokkum. De riders dy't weromkomme út de Admiraliteitsstêd kinne noch wol troch nei Ljouwert. Sy ha noch in kâns om it magyske Alvestêdekrúske te beheljen.
22:28
As in spjeld yn in skuonneberch...
22:24
Moaie oantinkens oan pake
21:41
Ferwûne reedriders
De EHBO-posten ha it drok mei minsken dy't fallen binne. Ferskate ferwûne riders moatte oerbrocht wurde nei sikehûs MCL yn Ljouwert.
21:17
NPO-programma út Dokkum wei
21:05
"Dat kan je niet alleen"
Reedrider Rein Jonker fan Wytgaard die 25 jier lyn foar it lêst mei oan de Alvestêdetocht. In evenemint dat oant de dei fan hjoed soarget foar pikefel binnen syn famylje. "Myn frou en bern ha my holpen om sa grut te wurden. Dat kinst net allinnich."
Yn totaal die Jonker trije kear mei oan de tocht der tochten. Yn 1985, 1986, en 1997. De twadde kear dat de reedrider meidie, wist er it twadde plak te heljen.
20:48
Knappe trui!
19:17
Wachtsje oant de ivichheid?
We wachtsje al 25 jier op in nije Alvestêdetocht, mar kinne miskien noch oant de ivichheid wachtsjen bliuwe. De Alvestêdetocht komt miskien net wer. Dat seit waarman Gerrit Hiemstra.
"Ast sjochst nei de feroaringen dy't yn it waar plakhân hawwe en noch hieltyd plakhawwe, giet it eins mar ien kant út: de waarme kant. Foar in Alvestêdetocht hawwe je ekstreem kâld waar nedich. Dy kâns wurdt echt hieltyd lytser."
19:00
Stimpelpost Frjentsjer ticht
De stimpelpost yn Frjentsjer giet ticht, ek al is der noch in flink oantal riders ûnderweis. Wa't net op tiid binnen is, kin gjin stimpel mear krije en de tocht folbringe.
18:46
Foar Yep Kramer kaam de tocht eins te betiid
18:34
Kaartferkeap De Tocht úteinset
De kaartferkeap fan de musical De Tocht is fan start gien. "Vandaag is het precies 25 jaar geleden dat de laatste Elfstedentocht gereden is, geen betere dag dus om te starten met de kaartverkoop", seit kreatyf produsint Foppe van der Veen.
It spektakelstik giet yn oktober yn premjêre yn Ljouwert. Minsken kinne kaartsjes keapje fia de webside fan De Tocht.
18:27
It menu fan in Alvestêderider
18:15
It tredde plak fan Baukje Bron
Baukje Bron kaam yn 1997 as tredde oer de streek by de froulju, mar Jenita Smit waard huldige. Hoe sit dat dochs? Haadrolspylster Bron fertelt it sels. "We kamen oer de finish en ik wist natuerlik sels al dat ik Jenita ynhelle hie."
Doe't de riders foar de huldiging yn it FEC oankamen, sei se tsjin har heit dat se tredde wie. By it opneamen fan de nammen kaam Bron lykwols net oan bod. "Klasina earst, Gretha twa, Jenita trije. Fjouwer wie in hiel oarenien, want se hiene my eins hielendal net sjoen."
Se bleau rêstich, mar gie wol fuortendaliks nei Alvestêdefoarsitter Henk Kroes. "Ik wie al lang oan mysels begûn te twiveljen", laket Bron. Ek oan wedstriidlieder Gerrit van den Ham lei se de situaasje út. "Ik wist wol seker dat ik Jenita ynhelle hie, mar se ha my gewoan net sjoen. Ik kaam hielendal net yn de útslach foar."
Foar de huldiging sei Bron noch tsjin de wedstriidlieding dat se de bylden fan de finish opnij besjen moasten, omdat se har mist hiene. Har heit woe dêr net op wachtsje. "Hy sei tsjin my: witst wat famke, we gean nei hûs!"
De dei dernei krige se noch neat te hearren, mar twa dagen letter waard se belle troch Kroes en Van den Ham en krige se har wolfertsjinne tredde plak dochs tawiisd. Letter waard se ek noch huldige, by de jierlikse hynstekeuring yn it FEC.
It meast skande fûn se dat se net neist Klasina Seinstra op it poadium stien hat. Mar 25 jier letter sit it har net mear dwers. "Ik libje net yn it ferline, ik libje echt wol by de dei."
18:00
Stimpelpost Boalsert ticht
De toerriders dy't nei 18.00 oere by de stimpelpost yn Boalsert oankomme, meie net mear troch. It is alwer aardich tsjuster en it is hast ûnmooglik om noch de einstreek yn Ljouwert te heljen.
17:05
Hoe hâldst as toerrider dyn famylje op 'e hichte yn 1997?
16:50
Koss en Karlstad ûnder yndruk fan Alvestêdefeest
De Noarske reedriders Johann Olav Koss en Geir Karlstad mochten meidwaan as toerriders en ride de tocht út. Se binne bot ûnder de yndruk fan it grutte Alvestêde-evenemint. Oeral dêr't se delkomme, wurde se waarm ûnthelle troch it publyk. Se komme tefreden, mar kapot oer de finish.
16:31
Piet Kleine offisjeel diskwalifisearre
Piet Kleine krijt gjin krúske! Hy is offisjeel diskwalifisearre. Wedstriidlieder Gerrit van den Ham makket it beslút fan de sjuery bekend by de huldiging. It publyk is it der absolút net mei iens en begjint te fluitsjen.
16:20
Huldiging yn it FEC
Yn in grôtfol FEC yn Ljouwert wurde de winners fan de 15e Alvestêdetocht huldige: Klasina Seinstra en Henk Angenent. It is ien grut feest. Seinstra hat de triennen fan blydskip yn 'e eagen.
Ek de nûmers twa en trije wurde huldige. By de manlju giet it om Erik Hulzebosch en Bert Verduin, by de froulju om Gretha Smit en Jenita Smit. Al blykt letter dat Baukje Bron út Jobbegea as tredde oer de finish kaam.
16:03
Evert van Benthem as toerrider oer de finish
De winner fan de tochten fan 1985 en 1986, Evert van Benthem, hat dit kear meidien as toerrider. Hy komt oer de finish yn Ljouwert nei in soarte fan earerûntsje fan 200 kilometer lang. It publyk sjongt him ta: "Evert bedankt!"
15:10
"Enkeltje naar huis"
De Alvestêdetocht foar de wedstriidriders is yntusken dien, mar foar de toerriders is it feest noch lang net oer. Se ha oant middernacht de tiid om oer de finish te kommen. Ek it publyk giet noch lang net fuort.
De earste toerriders binne yn Ljouwert oankommen, mar oaren sille de finish nea helje. Guon stappe yn Starum fan it iis en pakke de trein werom nei hûs. Se ha gjin nocht om noch sa'n 120 kilometer yn 'e izige wyn op te riden.
14:17
Wol of gjin krúske foar Piet Kleine?
It is net dúdlik oft Piet Kleine no wol of net in Alvestêdekrúske krije sil. Hy miste de stimpelpost yn Hylpen en wurdt mooglik diskwalifisearre. Wedstriidlieder Gerrit van den Ham wol der noch neat oer sizze, al is it beslút al wol fallen. Pas by de definitive útslach sille we it witte.
14:09
Klasina Seinstra oer winst: "Dêr kinst net fan dreame"
14:02
25 jier letter op 'e fyts by de alve Fryske stêden del
Krekt 25 jier nei de lêste Alvestêdetocht op redens giene fjouwer fytsers opnij by de Fryske stêden del. Mei de tocht woene se omtinken freegje foar de klimaatsferoaring. Neffens de dielnimmers is it nammentlik de klimaatferoaring dy 't der foar soarget dat der al sa lang gjin echte tocht mear west hat.
13:55
Piet Paulusma: "Binnen fiif jier wer in tocht"
Foar waarman Piet Paulusma wie 4 jannewaris 1997 in legindaryske dei. "We hiene der nei tawurke fan it begjin fan de krystdagen ôf, mei in pear minsken fan it alvestêdebestjoer." Der waard besjoen en bepraat wannear't dy tocht dan hâlden wurde moast. "We kamen út op ûngefear begjin jannewaris."
Dat waard dus 4 jannewaris. "Dat wie natuerlik geweldich. Binnen fjirtjin dagen in Alvestêdetocht." Hy hinget by de redaksjes fan de Fryske radio en telefyzje oan de telefoan: "Helje de draaiboeken foar jim alvestêdeútstjoeringen mar út de kast!"
Op de dei sels wie er hieltyd ûnderweis lâns de rûte en geregeld yn de radioútsjoering, mei de mobyl. "Der wiene noch net safolle mobyls, dus it net koe it ridlik goed oan. Dêr ha we in hiel soad plezier fan hân."
Dat it no al sa lang duorret oant in folgjende Alvestêdetocht, hie er doe net tocht. Mar Piet tinkt dat er der wis nochris komt. "It kin allegear noch. Gean der mar fan út, mei ynbegryp fan dit jier, binnen fiif jier."
13:19
Klasina Seinstra wint de tocht by de froulju
Ek by de froulju giet it der om wei yn de einsprint tusken Klasina Seinstra en Gretha Smit. Seinstra wint! De 28-jierrige reedrydster út Sint-Jânsgea skriuwt de earste wedstriidtitel by de froulju op har namme.
13:00
It ferhaal fan Willem Poelstra
Ien fan de Fryske dielnimmers oan de wedstriid wie Willem Poelstra. Hy wie noch mar 22 jier, mar in grut talint!
Twa dagen foar de tocht ried Poelstra noch in maratonklassiker yn Maasland. Doe't er op it iis stie, hearde hy en de oare wedstriidriders dat de Alvestêdetocht twa dagen letter holden wurde soe.
Pikefel
"Ik hie pikefel oer myn hiele liif", fertelde Poelstra yn de radio-útstjoering fan Omrop Fryslân as foarútblik op de Alvestêdetocht. "Ik bin lyk opholden te demarrearjen. Ik ha 'm rêstich útriden en de krachten sparre. Der binne ek in protte opholden."
Poelstra einige as njoggende op 4 jannewaris 1997. Mar twa jier letter sloech it needlot ta: Poelstra waard nei de finish fan in maraton yn Amsterdam net goed en stoar oan in hertstilstân.
Eelke Lok, ferslachjouwer yn dy tiid, wit it noch goed. "Willem wie sá goed yn 1997. Ik sjoch 'm noch Bartlehiem binnen kommen, mei de kop omheech!"
Grutte impact
It ferstjerren fan Poelstra hie in grutte impact op de reedrydwrâld. "Hy is begroeven by tsjerke yn Hijum. Dêr stie ek it hiele maratonpeloton en elkenien dy't derby belutsen wie. We wienen hiel bot oandien."
It is alderferskriklikst, seit Lok. As er oan Poelstra werom tinkt, komme ek de moaie oantinkens nei boppen. "Myn dochter ried ek yn de Fryske seleksje. Willem wie ien jier jonger. Je koenen gewoan mei sokke jonges prate. Ik ha Willem fan it begjin ôf oan meimakke. It wie sa'n fleurige jonge, hy hie der sa'n wille oan."
12:41
Ald-foarsitter Henk Kroes sjocht werom op de Alvestêdetocht fan '97
Henk Kroes, âld-foarsitter fan de Vereniging de Friesche Elfsteden, sjocht werom op de Alvestêdetocht fan '97. In jier earder hie er de tocht graach trochgean litte wollen, mar it koe net. Yn '96 wie Kroes tige entûsjast, faaks wat te entûsjast, seit er sels. It iis like op meardere plakken nammentlik net goed genôch foar de tocht.
Fyftjinde Alvestêdetocht
Yn '97 koe er de Fyftjinde Alvestêdetocht wol útskriuwe. "25 jier lyn, en noch twa dagen", seit Kroes. Spannend fûn er it eins net: "It foel wol ta yn '97. It iis wie folle better. Yn hiele koarte tiid is it iis deryn kommen."
Hy hat him op 'e dei fan de fyftjinde tocht goed fermakke. "Ik ha dy tocht hiel goed belibbe. It wie foar my net sa spannend. It foardiel wie dat ik al twa tochten meimakke hie en wist wat der allegear barre koe. Elkenien die syn taak. Wat dat oangiet ha ik in prachtige dei belibbe."
12:32
Yep Kramer en Willem Poelstra bêste Friezen
Yep Kramer út Aldskoat en Willem Poelstra út Hijum binne de bêste Friezen. Sy komme respektyflik 11 en 12 minuten nei Angenent oer de finish. Kramer hat de tocht mei kniesde ribben riden.
12:19
Angenent wint 15e Alvestêdetocht
Wat in spannende einsprint! Hulzebosch en Angenent stride om it hurdst om as earste oer de einstreek te kommen. Henk Angenent pakt de winst. Hy is de winner fan de 15e Alvestêdetocht. Hulzebosch komt as twadde oer de finish. De teloarstelling is dúdlik sichtber.
12:14
Stam lit de kopgroep gean
Mei noch trije kilometer te gean, kin Arnold Stam it tempo en de konstante oanfallen binnen de kopgroep net langer byhâlde. De fiif oaren geane fierder: Angenent, Hulzebos, Kleine, Van Benthem en Verduin.
12:00
Twadde trochkomst Bartlehiem
De riders komme foar de twadde kear troch Bartlehiem, op wei nei de finish op de Bonkefeart yn Ljouwert. It is dúdlik dat de winner ien fan de seis koprinners wêze sil. De taktyske spultsjes begjinne. Piet Kleine besiket der kear op kear fantroch te gean.
11:40
Dokkum, de alfde stêd
De seis koprinners komme oan yn de alfde stêd: Dokkum. Henk Angenent stimpelet as earste. De foarsprong op de efterfolgers is yntusken tsien minuten. De striid by de froulju giet tusken Klasina Seinstra en Gretha Smit.
Noch 27 kilometer te gean oer de Dokkumer Ie nei de finish yn Ljouwert.
11:17
Wiebe Wieling oer de tocht fan doe en fan de takomst
Foarsitter Wiebe Wieling fan de Alvestêdeferiening hat de 'tocht der tochten' twa kear riden, yn 1985 en 1997. Ferslachjouwer Johanna Brinkman prate mei him, de man dy't al sûnt 2005 de baas is oer it grutste evenemint fan Nederlân. Hoe fielt it foar him dat de tocht yn syn tiid as foarsitter noch net hâlden is?
11:05
Earste trochkomst Bartlehiem
De seis kopriders ha it swier, se ha de fûle noardeastewyn fol yn it gesicht. De gefoelstemperatuer is -20 graden. Under it brechje fan Bartlehiem troch giet it fierder nei Dokkum, it noardlikste punt fan de rûte. It publyk is massaal oanwêzich.
De foarsprong op de ôffallers Kramer, Van Meggelen en Henri Ruitenberg is sa'n fjouwer minuten.
11:01
Karen Bies wie as ferslachjouwer foar de Omrop by de tocht
10:49
Kopgroep falt útinoar
Op de smelle Blikfeart falt de kopgroep útinoar. Henk van Benthem sjit fuort, mar Angenent, Kleine, Verduin, Stam en Hulzebosch besykje oan te sluten en dat slagget se ek. Kramer, Van Meggelen en de bruorren Ruitenberg heakje ôf. De riders moatte no op nei Bartlehiem. Foar de lêste groep toerriders is de tocht krekt begûn yn Ljouwert.
10:02
Piet Kleine falt
Piet Kleine falt dizze kear. Mei de redens stekt er yn in skuorre. Hiel sportyf wachtet de rest fan de kopgroep op him en gean se wer mei syn alven fierder.
Edward Hagen, en Haico Bouma út de twadde groep, binne yntusken fan it iis stapt.
09:48
Waarm ûnthaal yn Frjentsjer
Nei it keale stik tusken Harns en Frjentsjer, mei hast gjin publyk lâns de rûte, wachtet de riders in waarm ûnthaal yn de akademystêd. De kopgroep bestiet no út alve man.
09:41
Edward Hagen falt ôf
Yep Kramer rydt yn it part nei Frjentsjer foarop, ek al is hy earder fallen en hat er syn ribben kniesd. By de Seisbierrumer Feart moat wer klúnd wurde. De kopgroep begjint skuorkes te fertoanen: Edward Hagen falt ôf.
09:37
Ruitenberg en Stam falle
Troch in min stikje iis falt Stam en nimt er yn syn fal Ruitenberg mei. Se steane gau wer op en slute wer oan.
09:31
Falpartij fan Hagen
Edward Hagen falt! Mar hy komt wer omheech en wit mei in sprintsje wer oan te sluten by de groep.
09:20
Foarsprong wer grutter
De foarsprong fan de kopgroep is yn Harns útrûn ta 7 minuten. Oeral stiet in soad publyk lâns it iis om de riders oan te moedigjen. Hulzebosch wit syn stimpel as earste te bemachtigjen.
08:57
Wer even klune
Yn Wytmarsum moat der wer even klúnd wurde. Net alle riders hâlde derfan of binne der goed yn, mar it heart no ien kear by de Alvestêdetocht.
08:43
Boalsert
Arnold Stam is as earste it klúnstik by Boalsert oer en kin ek as earste troch mei in stimpel op syn kaart. Yntusken is der 6 minuten ferskil tusken de kopgroep en de efterfolgers. By de froulju komt Klasina Seinstra om dizze tiid hinne as earste oan yn Warkum. Foar de kopgroep fan de tolve manlju is de folgjende stimpelpost yn Harns. De kopgroep bestiet út Bakker, Angenent, Van Benthem, Hagen, Van Meggelen, Hulzebosch, Verduin, Stam, Kleine, Kramer en de bruorren Ruitenberg.
08:22
Ein oan de tsjusternis
Nei Warkum begjint it ljocht te wurden. De riders sjogge einliks wêr't se presys binne, nei hast trije oeren op 'e redens.
08:15
Warkum
De ôfstân tusken de kopgroep fan tolve man en it peloton is aardich grutter wurden, mei in gat fan sa'n 5 minuten. Hulzebosch komt as earste troch yn Warkum, it sânde stimpelplak op de rûte.
07:59
Fjochtsje tsjin 'e wyn op
Oant no ta hiene de riders de wyn aardich yn 'e rêch, mar fan Hylpen ôf moatte se fjochtsje tsjin de hurde noardeastewyn.
07:58
Kleine ferjit te stimpeljen
De riders komme oan yn Hylpen, se ha der no 84 kilometer op sitten. Piet Kleine leit foarop yn in kopgroep fan tolve man. Mar wat docht er no? Hy ferjit syn kaart ôf te stimpeljen! Hy rydt gewoan troch. Ek René Ruitenberg ferjit in stimpel te heljen, sa liket it. Hulzebosch en Verduin soene ek troch, mar komme der noch krekt op tiid achter en keare gau werom nei de stimpelpost.
07:50
De ferlossende wurden: "It giet oan!"
07:28
Starum
De kopgroep is ynhelle troch it peloton en it binne no Edward Hagen, Jan Bakker en Henri Ruitenberg dy't as earsten trochkomme. By de froulju lit Klasina Seinstra har kaart as earste ôfstimpelje. Peter de Vries stapt fan it iis ôf. Hy kin net mear troch mei syn brutsen skouder. Starum is it meast súdlike punt yn de Alvestêderûte.
07:01
Brutsen skouder foar Peter de Vries
Op guon plakken wurdt de rûte mei de ljochten fan trekkers en mei fakkels ferljochte, bygelyks op de Sleattemer Mar. Tusken Sleat en Starum falle de earste riders út. Peter de Vries, ien fan de favoriten foar de winst by dizze 15e alvestêdetocht, falt en brekt syn skouder.
06:55
Klimaatedysje Fytsalvestêdetocht
Goed 1200 minsken soene hjoed op de fyts stappe foar in spesjale klimaatedysje fan de Fytsâlvestêdetocht. Doel fan de aksje wie om sa omtinken te freegjen foar de klimaatferoaring: de reden dat we al 25 jier gjin alvestêdetocht mear hân ha.
Troch de coronamaatregels is de aksje wat lytser wurden as yn de earste opset: fjouwer minsken fytse hjoed de tocht. De omstannichheden binne hiel oars as 25 jier lyn. "Het is een graad of vijf boven nul, dat merken we wel", seit Sybren Bosch, ien fan de fytsers. "En eigenlijk is dat precies de reden waarom we hier staan."
"Allinnich in wûnder kin Alvestêdetocht rêde"
Oft de fjouwer fytsers fan hjoed der wat oan dwaan kinne is de fraach. "Helaas kon het vanwege corona niet met de 1.250 fietsers. Maar we wilden vandaag toch fietsen, om de symboliek van precies 25 jaar mee te pakken." De bedoeling is dat op 13 maart wol in grutte groep de hiele tocht fytst.
06:48
Gretha Smit earste frou yn Sleat
In groepke fan fiif riders hat him tusken Drylts en Sleat losriden fan it peloton: Angenent, Hulzebosch, Henk van Benthem, Van Meggelen en De Vries. Angenent hellet as earste in stimpel yn Sleat. De wedstriidriders ha 40 kilometer achter de rêch en binne yntusken in oere en 18 minuten ûnderweis.
Gretha Smit is de earste frou dy't yn Sleat trochkomt.
06:20
Hulzebosch earste yn Drylts
Yn Drylts is it de grutte publyksfavoryt Erik Hulzebosch dy't as earste syn kaart ôfstimpelje lit. Edward Hagen komt as twadde troch. Se sitte yn in kopgroep fan fyftjin man mei ûnder oare noch Willem Poelstra en Bert Verduin.
06:10
Klune yn Snits
Goed tweintich riders ha in foarsprong nommen op de rest fan it peloton. Der moat op twa plakken klúnd wurde yn Snits. Edward Hagen út Haarlem docht dat as earste. Hy is ek de earste dy't in stimpel helle hat by de stimpelpost krekt foar Snits. De stimpelpost is dêr ynrjochte foar it gefal de riders mei bussen om de klúnplakken ferfierd wurde moatte, om't it der om spande oft it iis yn de Wetterpoartstêd wol goed genôch wêze soe.
06:05
De earste stimpels
05:52
Underweis nei Snits ta
00:00
De tocht is oer
De finish op de Bonkefeart giet ticht. Wa't no noch komt krijt gjin stimpel mear en dus ek gjin krúske. De lêste rider dy't oer de finish komt is in swartrider. De lêste offisjele rider dy't noch foar it einsinjaal oer de streek komt, is Wim Wink út Geesteren.
De slotwurden fan foarsitter Henk Kroes fan de Friesche Elfsteden: "It koe echt net better."
05:38
Dêr binne se!
De earste riders berikke it iis. It giet om Patrick Snijders út Haarsteeg, Haico Bouma út Aldetrine en Bert Verduin út Heemskerkerduin. Snijders hat as earste de redens oan en rydt sa gau mooglik fuort op it swarte iis, de tsjusternis yn. Hy wurdt al rap folge troch oare riders. Op nei it earste stimpelplak op de rûte: Snits.
05:30
Startskot
It is safier, wedstriidlieder Gerrit van der Ham jout yn it FEC yn Ljouwert it startskot foar de 301 wedstriidriders fan de 15e Alvestêdetocht. De manlju en froulju kinne net wachtsje en sjitte út in 'koai' wei. Se wolle fansels it iis op, mar earst moat der noch 1.900 meter draafd wurde nei de Swettehaven.
05:25
It giet oan!
Goeiemoarn en wolkom yn dit liveblog fan 4 jannewaris. De hiele dei dogge we ferslach fan de 15e Alvestêdetocht dy't eksakt 25 jier lyn ferriden waard. Folgje de tocht online en op de radio as wie it 1997, en sjoch jûns nei in bysûndere Weromrop.TV mei unike bylden dy't al 25 jier yn it argyf fan Omrop Fryslân lizze. It giet oan!