Liveblog | 5 jannewaris 2022

25 jier lyn: Dit wie de Alvestêdetocht fan 1997 fan minút oant minút

Tiisdei 4 jannewaris 2022 is it eksakt 25 jier lyn dat de lêste Alvestêdetocht ferriden waard. Omrop Fryslân hâldt in liveblog by dêr't fan minút oant minút yn byhâlden wurdt wat der bart op dizze histoaryske dei yn 1997, mei bysûnder byldmateriaal en opfallende lûdsfragminten. Fansels is der ek plak foar hoe't dy tocht no noch libbet by de minsken.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

Lêst bywurke: 5 jannewaris 2022, 00:15
tiisdei 4 jannewaris 2022
00:10

Ein fan dit liveblog

En mei de moaie wurden fan Kroes slute we dit liveblog oer de 15e Alvestêdetocht fan 4 jannewaris 1997 ôf. Tank foar it folgjen en hooplik gau oant sjen by de 16e Alvestêdetocht. Lekker sliepe!
23:50

Bartlehiem ticht foar riders út Dokkum wei

Riders út Dokkum wei meie net mear troch nei Ljouwert. Yn Bartlehiem wurde se fan it iis helle. Se kinne net mear foar tolve oere oer de finish komme.
23:42

Houtsjes of houten redens?

Keunstner Ids Willemsma rydt de tocht op houten redens:
23:30

Lêste riders op wei nei de Bonke

De lêste toerriders binne op wei nei de finish op de Bonke yn Ljouwert. Se ha noch in healoere om oer de einstreek te kommen. Guon ha dêrby help nedich fan omstanners.
© ANP
23:16

Joost van Dam út Australië mocht net starte

No't de lêste stimpelpost op de rûte ticht is, is de teloarstelling grut by guon riders. Mar de grutste teloarstelling is miskien wol foar Joost van Dam. Hy kaam hielendal út Australië oer om de tocht te riden.
Yn sân hasten pakte er it fleantúch nei Nederlân, mei de redens yn 'e koffer. Hy wie al hiel lang lid, sei er, mar by de ynskriuwing die bliken dat er gjin lid wie. Syn kontribúsje wie al jierren net binnenkaam. De organisaasje wie ûnferbidlik: Van Dam mocht net starte.
Joost van Dam is der stikken fan:
23:00

Stimpelpost Dokkum ticht

Yn Dokkum wurdt de stimpelpost sletten om klokslach alve oere. De riders hawwe noch mar in oere de tiid om yn Ljouwert te kommen. Minsken dy't te let binne, wurde fan it iis helle.
Ien fan har is Van der Veen út Arum. In sneue saak...