Fûgelgryp yn Blije: 222.000 fleispiken ôfmakke

By in plomfeebedriuw yn Blije is fûgelgryp fêststeld. It giet om in tige besmetlike fariant. Alle 177.000 fleishinnen wurde ôfmakke.
© CAMJO media
Op 100 meter ôfstân fan it bedriuw leit noch in bedriuw mei hinnen. Ek dy 45.000 piken wurde út foarsoarch ôfmakke om fierdere fersprieding foar te kommen.

Ferfiersferbod

By trije oare bedriuwen yn in straal fan 3 kilometer om it plomfeebedriuw hinne wurde meunsters ôfnaam om te sjen oft dêr ek sprake fan fûgelgryp is. Der jildt in ferfiersferbod foar fûgels en aaien yn in sône fan 10 kilometer om it bedriuw hinne.
Op it bedriuw yn Blije wurdt in saneamd trasearingsûndersyk dien. Hjirmei wol de Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit (NVWA) sjen oft der ek risikofolle kontakten west binne tusken it bedriuw en oare lokaasjes.