Nominearren Vrouw in de Media Award 2021 bekend

Sprekkersburo ZijSpreekt en mediaplatfoarm Vaker in de Media hawwe de nominearren foar de Vrouw in de Media Award Fryslân 2021 bekendmakke. De organisaasje wol froulike rolmodellen oantrúnje om mear yn de media sichtber te wêzen.
Margreet de Graaf fan GGD Fryslân is ien fan de nominearren © Omrop Fryslân
De nominearren foar dit jier binne dokter-mikrobiolooch Anne-Marie van Elsacker, direkteur fan GGD Fryslân Margreet de Graaf, LHBTI-foarfjochter Lenie Lap, paralympysk atleet Alyda Norbruis, psycholooch Irma van Steijn en ûndernimmer Wini Weidenaar.
Stimme kin oant 28 jannewaris fia vrouwindemedia.nl.