600 jier Martinitsjerke yn Frjentsjer: "Dit moat dield wurde"

03 jan 2022 - 19:09

It hie net folle skeeld oft de Martinitsjerke yn Frjentsjer hie dit jier gjin jubileum hân. Dat it gebou rûchwei yn de fyftjinde iuw boud is, dat wie bekend. It eksakte jiertal wie allinnich lang in grut fraachteken.

600 jier Martinitsjerke yn Frjentsjer:

Oant it momint dat de tsjerkerintmasters in transportdokumint út 1421 fûnen mei dêrop it neamen fan de houten balken boppe-yn de toer fan it tsjerke. It bewiis dat de Martinitsjerke dit jier 600 kearskes útblaze mei.

Untsach

Fan 11 novimber 2021 oant novimber 2022 is der eltse moanne in aktiviteit yn it ramt fan it jubileum, lykas in fotowedstriid, konserten, en in pylgertocht.

Rolf Bremmer, foarsitter fan de Stichting 600 jaar Martinikerk Franeker, hopet dat minsken 'fan bûten' no ek ris delkomme om de tsjerke fan binnen te sjen. Bremmer: "As minsken hjir deryn komme, dan is it allegear ûntsach. Dit moat dield wurde."

Unike koaromgong

Neffens Johan Oudendag, ek fan de stichting, is de Martinitsjerke in ymposant stikje machtsfertoan: "Hy is boud om út te drukken hoe machtich de stêd oft Frjentsjer wie. Se wiene dwaande om fan doarp stêd te wurden. En dat moasten se ek efkes sjen litte."

Neffens Oudendag is de grutte fan it tsjerke dêr in teken fan. It is sels de grutste parochytsjerke yn Fryslân. Unyk foar dizze tsjerke is ek de koaromgong. Efter it koar is romte foar in prosesje, in religieuze optocht. By min waard wie der sels romte om dy prosesje binnen troch te setten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)