RIVM meldt 462 nije coronabesmettingen yn Fryslân

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 462 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der 60 mear as op snein. Doe waarden 402 besmettingen meld.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 467 besmettingen meld yn Fryslân. Snein lei dat trochsneed op 456 besmettingen, in wike lyn op 479.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus.
Der is ien Fries mei it coronafirus opnommen yn it sikehûs. Dat giet om in ynwenner fan Smellingerlân.

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 14.623 besmettingen. It trochsneed tal besmettingen fan de ôfrûne sân dagen is 11.684.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.