Fuotbalfroulju op 'e fûst

Amateurfuotbal © ANP XTRA
In fuotbalwedstriid tusken de frouljusploegen fan Blauw Wyt '34 en VV Helpman is sneon útrûn op in knokpartij. Op it fjild fan de Ljouwerter fuotbalferiening Blauw Wyt giene de froulju en begelieders mei elkoar op de fûst. Ien spylster fan Helpman rûn in brutsen noas op.
Neffens foarsitter Frits Dekker fan de Grinzer ploech begûn de wedstriid goed. Blauw Wyt stie mei 5-1 foar, mar doe't de froulju fan Helpman weromkamen oant 5-4 waard de sfear grimmitich.