IM akseptearret advokaat net

30 jul 2012 - 12:23

It iepenbier ministearje hat krityk op de advokaat dy't de fertochte bystiet yn de saak-Murkje de Vries. Dat die moandei bliken by de behanneling fan it heger berop. Advokaat Alie Westerhuis soe in ferklearring fan it IM ferdraaid en misbrûkt hawwe om oan ynformaasje fan it gerjochtlik laboratoarium te kommen. Se soe fierders tefolle flaters makke hawwe.

Der drige sels in skorsing fan de saak, mar dat gie úteinlik net troch. It gie om in pro-formasaak. De ynhâldlike behanneling is pas nei de simmer.

Murkje de Vries út Koatstertille waard yn 2008 om it libben brocht. De 47-jierrige fertochte fan De Harkema krige earder 24 jier sel foar it deasjitten fan Murkje de Vries. Hy skeat ek noch syn eks-frou en in oare man del.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)