Nije konteneroerslach Ljouwert

30 jul 2012 - 11:51

Yn Ljouwert is moandei it konteneroerslachplak fan it bedriuw MCS yn gebrûk naam mei de grutste kraan fan Noard-Nederlân. Dat ferwurket goed 18.000 konteners yn it jier en dat moatte úteinlik 25.000 wurde. FrieslandCampina is it grutste bedriuw dat gebrûk makket fan de terminal, mar Douwe Egberts docht ek mei. De konteners wurde ferfierd nei Rotterdam en gean dêrwei de hiele wrâld oer.

De nije terminal jout in soad foardielen. Sa is it ferfier oer wetter goedkeaper as ferfier oer de dyk en boppedat is it better foar it miljeu.

By de terminal moat noch wol in kantoar komme. De offisjele iepening fan it oerslachplak is dêrom pas yn novimber.

Trefwurden: 
kontener MCS
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)