Olijnsma wint yn Arum

29 jul 2012 - 18:32

De haadklassepartij yn Arum is snein wûn troch Martijn Olijnsma, Hylke Bruinsma en Alle Jan Anema. Yn de finale wie it trijetal mei 5-0 en 6-4 te sterk foar Jan Dirk de Groot, Renze Pieter Hiemstra en Pier Piersma. De lytse preemje wie foar it partoer fan Hendrik Tolsma.

By de froulju wie de winst foar Lisette Wagenaar, Leonie van der Graaf en Fenna Zeinstra. Yn de finale wie it trijetal mei 5-2 en 6-2 te sterk foar Iris van der Veen, Sjoukje Visser en Manon Scheepstra. De lytse preemje wie foar it partoer fan Nelie Steenstra.

Trefwurden: 
Arum keatsen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)