Garnalefiskers dupe fan mist

garnalefisker © Omrop Fryslân
Trije garnalefiskers en de seesleper Statum fan Makkum binne de dupe fan de mist wurden, omdat se net farre kinne. De brêge by Koarnwertersân yn de Ofslútdyk draait net fanwege de mist. De sleper hat twa dagen oan de steiger lein en is moandeitemiddei werom gien nei Makkum omdat de opdrachtjouwers in streek troch syn kontrakt helle hawwe. De mist kostet de garnalefiskers alle dagen 2000 euro as se net fiskje kinne.
Dat de brêge net draait hat alles te krijen mei mist en feilichheid op de dyk en it wetter. De brêgewippers folgje it ferkear op de brêgen mei kamera's en as der te min sicht is op it brêgedek dan wurdt der net draaid.