Hurdrinne oer trep fjoertoer

29 jul 2012 - 16:15

Op It Amelân is snein de sânde edysje de pleatslike fjoertoerrun hâlden. Dy is yn de fjoertoer fan Hollum. Dielnimmers moatte sa hurd mooglik de 235 treden fan de trep fan de fjoertoer opdrave.

Der binne trije kategoryen: manlju, froulju en bern oant en mei tolve jier. It rekôr stiet om 56 sekonden. De fjoertoerrun begjint om tsien oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)