Boeren sykje mear kampearders

It is foar Fryske boeren mei in camping hieltyd dreger om genôch gasten te krijen. Dat seit bestjoerslid Geeske Holtrop-Hoekstra fan Vekabo. Dat is de belangenorganisaasje foar boerencampings.
De lêste jierren binne der in soad campings bykaam op it plattelân. Der is in protte konkurrinsje. Foar campings is it wichtich om harren te ûnderskieden. Se kinne harren bygelyks spesjaal rjochtsje op âlderein. Se kinne ek aktiviteiten organisearje lykas fierljeppen of bisten aaie en oankrûpe. Dat lêste wurdt ek wol 'boerenknuffelen' neamd.
De Vekabo hat kursussen foar de leden om dúdlik te meitsjen hoe't boeren mear gasten krije kinne.