Boeren lilk op natuerklup

Boeren op Skiermûntseach binne lilk op Natuermonuminten. De organisaasje wol foar de kompensaasje foar de bou fan de koalesintrale yn de Iemshaven yn Grinslân in stik fan de Bankspolder ûnder wetter sette foar de fûgels. Dat is net oerlein mei twa boeren dy't dêrtroch grutte parten lân kwytreitsje.
Boere-organisaasje LTO en it wetterskip binne fernuvere troch de plannen. Se sille beswier meitsje.