Sulver foar skeelermanlju

29 jul 2012 - 15:14

By it EK skeelerjen yn it Hongaarske Szeged hat de Nederlânske manljusploech sneon de sulveren medalje pakt op de 3 kilometer ôflossing. De ploech mei Crispijn Ariëns fan Wolvegea, Michel Mulder fan It Hearrenfean en Mark Horsten fan Drachten moast allinnich Italië foargean litte.

De Nederlânske froulju mei Manon Kamminga fan It Hearrenfean, Bianca Roosenboom en Irene Schouten waarden tredde.

Trefwurden: 
EK skeelerjen Szeged
(advertinsje)