Orka Morgan mei nei Tenerife

21 nov 2011 - 15:58

Orka Morgan dy't op it Waad fûn is, mei toch ferhuze wurde nei Tenerife. Dat hat de rjochtbank yn Amsterdam moandei bepaald. De saak wie oanspand troch de Orka Coalitie. Dy fynt dat Morgan syn frijheid weromkrije moat. It Dolfinarium, dat de orka op dit stuit opfangt, wol him ûnderbringe yn in bistepark op Tenerife. De rjochter hat no bepaald dat dat mei. Wannear't Morgan oerbrocht wurdt is noch net bekend.

Trefwurden: 
Morgan
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)