Wetterhoazen yn Fryslân

29 jul 2012 - 11:17

Op in pear plakken yn Fryslân wiene der sneintemoarn wetterhoazen. Der wie ien te sjen yn de loft yn de omkriten fan Wâldsein. En ek op Skylge wie hast twa minuten lang in wetterhoas te sjen.

In wetterhoas is in lytse trechterfoarmige slurf dy't feroarsake wurdt troch rap draaiende luchtbewegingen. Se komme foaral yn de twadde helte fan de simmer en yn de hjerst foar, as it relatyf waarme seewetter de foarming fan buien befoarderet.

Trefwurden: 
wetterhoazen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)