Olijnsma wint yn Seisbierrum

28 jul 2012 - 18:03

It partoer fan Martijn Olijnsma, Hylke Bruinsma en Alle Jan Anema hat sneon de frije formaasjepartij yn Seisbierrum wûn. It wie harren earste oerwinning yn dy gearstalling. Olijnsma en dy wûnen yn de finale mei 5-4 en 6-0 fan Jan Dirk de Groot, Renze P. Hiemstra en Pier Piersma.

De lytse preemje wie foar Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger.

Trefwurden: 
keatsen Martijn Olijnsma
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)